16

Menear Boonstra fersoarget 39 jier lang de blommen op de kade! Troch Harmke De sinne wint steeds mear yn krêft, de fûgeltsje binne drok sjongend dwaande om har nestjes te meitsjen en de lamkes meitsje har earste foarsichtige huppelpaskes. Yn dizze moaie tiid fan it jier litte ek de earste blommen har kleuren wer sjen. Menear en mefrou Boonstra út Rien binne ek minsken dy’t hjir folop each foar ha. En ek graach noch ekstra kleur taheakje wolle! 39 jier lyn hat Boanstra it inisjatyf naam om de kade te foarsjen fan blombakken mei blommen en jier yn, jier út hat hy der soarch foar hân. It doarpsbelang woe dizze blommeman derom graach yn it sintsje sette mei, hoe kin it ek oars, it blomke fan it jier! Dhr Boonstra krijt de blommen út namme fan de foarsitter Gerard Witteveen ‘Ik bin begong mei petunia’s,’ fertelt Boanstra yn de húskeamer mei sicht op de kade. De letste jierren waarden dizze blommen ferfangen foar geraniums. ‘It leafst hie ik petunia’s, mar der siet in soad wurk yn,’ giet Boanstra fierder, ‘alle deade blomkes helle ik derôf en elke wike hienen se ekstra fieding nedich.’ Boanstra gong simmers gjin dei fan hûs en hie in deitaak oan it fersoargjen fan de blommen. Der kaam yn de rin fan de tiid in nije wetterpomp oan de brêge te hingjen en Boonstra krige wat mear help. De minsken oan de kade hienen gelok, want safier de wetterspuit rikke koe safier soarge Boonstra ek foar de blommen op de Buorren. Archiefbyld fan de kade yn bloei It doarpsbelang betanket menear Boonstra nammens alle doarpsbewenners foar it opfleuren fan de kade! 16

17 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication