Nei 39 jier is der ek in ein kaam oan it fersoargjen fan de blommen troch Boonstra. Hij is in pear wike lyn nei fersoargingstehûs Nij Stapert ferhûze. Wy misse him yn Rien. Frans Visser hat de taak op sich naam om de blommen no te fersoargjen. Tige tank Frans! In kaartsje foar menear Boonstra soe tige op priis stelt wurde, syn nije adres is. Dhr. J. Boonstra. Keamer 111, Sybren de Vlasstrjitte 3, 8731 CX Wommels. Johannes Visser mantelsoarger fan it jier Wêr de ien foar de blommen soarget, der soarge in oar foar in hiel soad oare dingen en mei namme foar de minsken. Fan it ien komt it oar. Doe’t wy de blommen bringe soenen bij menear Boonstra, hearden we dat Johannes Visser in soad foar de Boonstra’s docht. Geregeld gie Johannes nachts ût bed om by de buorlju te helpen. Johannes Visser sjogge je wol gauris oer de kade rinnen: mei de container, gersmeaner, de boskmeaner of wat foar ark dan ek mar. Johannes giet wer op paad om it gers te meanen, it tsjerkehôf op te knappen, de berm te meanen of in oar te helpen. Johannes, en ek syn frou Hilda, ha in soad each foar foar wa’t wat ekstra stipe brûke kin yn Rien, der binne wy as doarp tige bliid mei! Der sille mear minsken wêze yn de ouwer doarpen dy’t geweldich wurk dogge en om oaren tinke. Dankewol, jim binne goud wurdich foar ûs lytse mienskip! 17
18 Online Touch Home