18

Tiden hawwe tiden ‘De kroech fan Lytsewierrum’ Troch Watse Ik ha it al withoefaak ferteld en opskreaun, yn Lytsewierrum hat nea in kroech of in herberch stien. Foar in slokje moasten jo eartiids echt yn Rien wêze. Mar yn septimber 1988 foel it each fan de grutste bierbrouwer fan ús lân op it skildereftige doarpke en hja tochten der dochs wat oars oer. It like harren krekt prachtich ta dat der ek yn Lytsewierrum in moai kafee wêze soe. Mar ja, dat gesellige doarpskafee mei in terras oan it pleintsje stie der noch net. Dus wat dogge jo dan as Heineken? Krekt ja, jo soargje derfoar dat dêr dochs in kafee komt! Sjoch mar ris goed nei de foto hjirunder. Mar ik sil jim sizze dat der noch nea immen mei in snee yn ’t ear út dit kafee weikaam is. Sterker noch, der is sels noch nea in Heineken bierke skonken op it ymposante terras. De bierbrouwer, ferneamd om syn oansprekkende reklame’s, wie dwaande mei in nije reklame kampanje en socht dêrfoar in idyllysk doarpke mei yn de midden in kafee dêr’t Heineken bier tape waard. Om it perfekte doarpke te finen stjoerden sy in fleantúch nei it noarden fan Nederlân ta om dêr foto’s te meitsjen. Der waarden wol mear as 30 doarpkes op de foto setten. Ienris werom op de grûn waarden alle foto’s besjoen en sa sochten sy it aldermoaiste doarpke út. Dêrnei krige it reklameburo de opdracht om yn dit doarpke in kafee te realisearjen. 18

19 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication