46

Kroechferhalen ‘The Dukes of Rien county’ Troch Watse Yn de jierren 70 is Aalzen de Haan de eigener en kroechbaas fan it kafee yn Rien. Mei Aalzen efter de taap komt it allegearre net sa krekt. De man is sa rûch as tou. Wat der yn en om syn kafee allegearre bart kin him mar in ferrekt lyts bytsje skille, seker net salang’t der jild yn it laadsje komt. It soarget der mei troch dat de ‘geselligens’ yn it kafee somtiden swier út de hân rint. De besikers helje dan alderhande maneuvels en rottichheid út. Sy ferniele de boel, hinderje it ferkear op de dyk, springe fan de brêge ôf, sette auto’s oerdwers op de dyk, stappe oan board by passearjende boatsjes, litte lytse boatsjes sinke troch der manmachtich op stean gean te hossen en in pear kear komt it sels safier dat sy de brêge in lyts stikje iepen draaie... De brêge feroaret dêrtroch yn in wiere springskâns! Lykas yn de ferneamde telefyzjesearje ‘The Dukes of Hazzard’ gauris te sjen is, is it harren doel om auto’s dy’t út de rjochting fan Lytsewierrum komme, in lyts stikje troch de loft fleane te litten. Op telefyzje rinne sokke stunts fansels altyd goed ôf en ek yn Rien sil it by sommige besikers wis en wrachtich in pear kear in protte wille opsmiten ha. Mar sokke fratsen kinne fansels net lang goed gean. Op 26 desimber 1972 komt der in auto út de rjochting fan Itens dy’t de diels iepensteande brêge net op tiid yn ’e gaten hat. Mei sa’n 40 km yn ’t oere klapt de auto tsjin de brêge oan. De Ford Taunus stiet yn ien tel stil en is folslein fernield. Yn ’e auto sit in húshâlding út Stienwyk. In man en frou mei harren 4 bern. De beide âlders klappe tsjin de foarút oan, dy’t mei dêrtroch út de sponning fan de auto fljocht. Beiden moatte sy nei it sikehûs ta brocht wurde. De frou yn kwestje hat bygelyks in pear djippe snijwûnen oprûn. 46

47 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication