Hoe is it no mei… Laura Margje en Sven? Troch Watse Nei’t sy al in moai skoft yn de omkriten fan Itens socht ha nei in rom hûs, dat binnen it budzjet lei, ferhûzen sy in jier ferlyn samar nei Parregea ta. Heech tiid om ris efkes om de hoeke te sjen om te hearren hoe oft it giet. Soe der ek sprake wêze fan langstme werom nei Itens? Ik ha mysels útnûge by Sven en Laura Margje dy’t oant augustus 2024 oan de Hearedyk no. 51 yn Itens wennen. No tref ik harren op de kaai yn Parregea. Ik ha it adres trochkrigen en bedarje by in tige karakteristyk hûs ticht by de brêge en dus daliks oan it farwetter. Hjir komme gâns mear boatsjes lâns dan yn Rien it gefal is. Laura Margje hat my oankommen sjoen en hellet my fan de dyk ôf op, wylst ik harren moaie gevel stean te besjen. “It is in âld winkelpân west. Oant sa’n 15 jier werom wie it noch in fytswinkel.” Boppe de winkelruten binne de spoaren fan dizze winkel yndied noch goed te sjen. De tekst ‘Rijwielhandel’ pronket noch altyd oan de muorre. De gevel sels hellet in stikje oer nei de kaai ta. Mar Laura Margje wiist my op de gevels fan de oare hûzen oan dizze trekwei. “Sjoch, hast alle hûzen hjirre ha in gevel dy’t nei foaren of nei efteren ta oerhinget. Dat heart der hjir wat by tinke wy. Ik sjoch dat Laura Margje gelyk hat. Hjir is hast net in heakse gevel te finen. Wy begjinne mei in rûnlieding Njonken it hûs is in tige romme garaazje dêr’t mei gemak 2 auto’s yn stean kinne. De orizjinele wurkpleats, dêr’t lange tiid dus fytsen makke waarden, is ek noch oanwêzich. It rûkt der suver noch wat nei oalje en smarfet. 32
33 Online Touch Home