Sven wiist my op in pear pvc kokerkes oan de muorre, dêr’t eartiids de speaken yn bewarre waarden. “De lêste bewenners hawwe hjir eins allinnich mar wenne mar yn dy tiid frijwol neat feroare of opromme. Dus it ynterieur fan de eardere fytsesaak leit de noch krekt sa by as eartiids. It hûs moat eins hielendal ferboud in isolearre wurde. Doe’t wy hjir kaam binne ha wy earst boppe oan it ferbouwen west. Dat is no krekt sa’n bytsje klear. De beide famkes ha no teminsten elk in moaie keamer en ús eigen sliepkeamer is ek klear. Yn Itens moasten Symke en Yldou noch in sliepkeamer diele, dus dizze nije situaasje is wol hiel noflik. No binne wy oan ûnderen ta.” Sven en Laura Margje litte my de binnenkant fan de eardere winkel en wenhûs sjen. It is hielendal rom makke. Der stiet no presys 1 rjochte muorre yn en dat is de muorre dy’t Sven der sels koartlyn yn setten hat. “Jimme hawwe noch wol wat te dwaan” sis ik. Laura Margje: “Jaseker, mar dat fine wy net slim. Wy wiene op syk nei in grut hûs, dus dan witte jo dat jo oan de klus moatte, as jo teminste net de haadpriis betelje wolle. Wy ha gelok hân dat wy dit fia fia keapje koene, mar hjir moat wol in protte dien wurde. Alle ruten moatte ferfongen en alle muorren moatte opnij opmitsele en isolearre wurde. Boppedat moat der in nije meterkast komme en in nije yndieling. De plannen binne makke en wy kinne no oan de slach. Wy wenje no al moai en it wurdt allinnich noch mar moaier.” Nei de rûnlieding sykje wy plak yn de eftertún. Hjir ha sy frij sicht oer de N359 en it efterlizzende greidlân en efterhûs leit ek harren eigen boatsje. Oan beide siden dus farwetter, wa kin dat no sizze. Sven: “De tún is my grut genôch. Ik moat hjir yn hûs wol gauris efkes stopje mei in pûtsje omdat de tún dan wer myn oandacht freget, dus dy hoecht om my echt net grutter.” Symke en Yldou genietsje tuskentiids fan de romte en oefenje de hânstân en springe op de trampoline. Ha jimme hjir jim draai al wat fûn in Parregea? Laura Margje: “Jawis wol. Wy fiele ús hjir wolkom en ha bygelyks goed kontakt mei ús buorlju. De famkes ha it hjir goed nei’t sin op skoalle en ha wat mear freondintsjes om út te kiezen.” Sven freget efkes oan Symke oft sy Itens ek mist? Symke: “Nee, behalve Ninthe! Dy wol, mar ik haw har sjoen by spulwike. Dat fûn ik hiel fijn.” Hoe is it mei dyn ûnwennigens Laura Margje? Do bist dochs wol in echte Itenser? Laura Margje: “It giet knap hear, somtiden mis ik Itens wol efkes, mar der binne ek tiden dat ik skoften net oan Itens tink. Sven hat dat noch folle minder. Dy makket it neat út wêr’t hy wennet. Parregea hat bygelyks net in keatsferiening, dus hjir is simmerdeis net folle ferdivedaasje. De famkes en ik binne no dus lid wurden fan de keatsferiening yn Gaast, mar dat is hjirwei wol in pear kilometer riden.” 33
34 Online Touch Home