34

En do Sven. Hast hjir al wat kunde opdien? Sven: “Ik bin hjir lid wurden fan de biljertferiening en wy ha hjir krekt doarpsfeest hân. Ik wie hartstikke gesellich, mar spitigernoch wie it wol in feest sûnder draai- en sweefmûne. Fierder bin ik drok dwaande mei de ferbouwing. Ik bin bliid dat ik der no einliks mei oan de slach kin, want mei de ferhuzing ha wy in pear wike opûnthâld hân. Wat no? Sven: “No wy hiene yn Itens alles rom fan te foaren ynpakt en op de dei fan de ferhuzing ha wy alles op in oanhingwein en yn in buske laden. Mar doe’t wy hjir kamen skrokken wy behoarlik. It die bliken dat de bewenners fan dit hûs noch hielendal neat ynpakt hiene! Der lei in hiel grut frachtskip oan de kaai dêr’t alles yn moast, mar der lei noch hielendal neat yn. No, wy hawwe ús guod mar wat yn in hoekje dellein en ha noch in nacht útfanhûs west by myn mem en de oare deis binne wy begûn om de eardere bewenners te ferhúzjen nei it frachtskip. It wiene minsken mei wat alternative tinkwizen, dus ik bin bliid dat wy harren holpen hawwe, want oars hie it net klear kaam. Wy ha úteinlik alles yn it rom fan it skip laden en doe binne sy fuort fear rjochting Warkum. Mar doe wennen wy hjir yn tuskentiid al hast in moanne! Net de start wêr’t jo yn’t foar op hoopje, mar hawar. It wie sa en wy ha ús der mei rêden! Wannear moat de ferbouwing klear wêze? Laura Margje: “Oer in jier moatte wy tink ik in hiel ein wêze. Mar ik moat der wol by sizze dat it in hûs is dat heechtwaarskynlik nea hielendal ôf wêze sil. It is en bliuwt fansels in âld hûs. En wannear sjogge wy jimme wer yn Itens of Rien werom? Laura Margje: “No ik tink dat it beheind bliuwe ta in besite oan de famylje en miskien dat ik nochris meidoch mei it keatsen. Mar dat sis ik earlik seint al in pear moannen lang tsjin mysels...” It giet jimme goed yn Parregea en wit dat jimme altyd wolkom binne yn de fjouwer doarpen! Laura Margje: “Dat jild omkeard ek foar de kunde dy ’t wy efterlitten ha yn Itens. Altyd wolkom foar in bakje!”. 34

35 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication