Fan de redaksje Troch Watse De hjerst stiet foar de doar. Earlik sein is dat net daliks myn favorite tiid fan’t jier. Mar ek yn dizze tiid is der dochs genôch om nei út te sjen. Lykas de planning fan it muzykkafee of it nije ‘binnenseizoen’ fan it doarpshûs, fol mei mooglikheden om te klaverjassen, te blomskikken of te biljerten. Us skoalle ‘De Romte’ hat nei de grutte simmerfakânsje har doarren ek wer iepene. De bern fan groep 7 en 8 ha allinnich noch gjin tiid hân om in bydrage oan te leverjen foar dit krantsje, dêrom sjocht direktrise Annet Monkel yn dizze edysje fan it Diggelfjoer foarút op’t skoaljier en ek nei de fiere takomst fan ús och sa moaie (en wichtige) skoaltsje. Foar wa’t dochs leaver weromsjocht yn stee fan foarút hat it Diggelfjoer sa as altyd ek genôch te bieden. Wat te tinken fan it ferskaat oan keatswedstriden dy’t fan’t simmer hâlden binne of it Rikkerfeest of alwer in tige slagge edysje fan it doarpsfeest. Noch folle fierder weromsjen kin ek. Esther hat nammentlik in nijsgjirrich stikje skreaun oer ‘muoike Tsjitske’, dy’t eartiids in winkeltsje hie yn Rien. Fierder litte wy ek yn dizze Diggelfjoer wer ‘nije’ ynwenners fan de fjouwer doarpen oan it wurd en sykje wy âld ynwenners op om te hearren hoe oft it mei harren giet. Hans hat opnij in petear hân mei ien fan ús advertearders. Dizze kear is dat ‘Friesland Ontruimingen’. As redaksje komme wy trouwens graach yn de kunde mei minsken en bedriuwen dy’t ree binne om te advertearjen yn it Diggelfjoer of op oare wize it Diggelfjoer stypje wolle. Wy binne yn de ôfrûne moannen nammentlik in stikmannich advertearders kwytrekke. Ta beslút ha wy noch in nijtsje! Op 8 novimber stiet de jierlikse quizjûn wer op it programma. Sommige lêzers/partners wurde der leaver net te faak op attindearre, om’t it team fan de Diggelfjoer redaksje de lêste jierren hieltyd mei de titel oan de haal gongen is. Spesjaal foar harren ha wy hiel goed nijs. Wy dogge dit jier nammentlik net mei! Tagelyk ha wy oan de oare kant miskien ek minder goed nijs, want wy meie dit jier foar ien kear de quiz meitsje! Dan kinne de fêste quizmakkers ek in kear meistride om de titel. Dus ik soe sizze, kear alle letters efterstefoaren en lês alle stikjes foar de wissichheid 10x, want fragen út it Diggelfjoer sille op 8 novimber fansels net ûntbrekke… In protte lêsnocht tawinske. Watse, út namme fan de redaksje 5
6 Online Touch Home