6

(Ien fan de) Ferhalen oer Tjitske de Jong- Visser út Rien Troch Esther 126 jier âld soe se dit jier wurden wêze: Tjitske de Jong – Visser út Rien. Doe’t wy har foto seagen, dêr’t se yn har winkeltsje yn Rien stie, intrigearre sy de redaksje bot. In winkeltsje! Yn Rien! En echt oant ein jierren 70 fan de foarige iuw. Wat skûlt d’r efter dizze frou? It yntrigearjende siet ek yn de ferhalen dy’t wy al wisten te efterheljen. Se stie bygelyks bekend as in lytse (1.58 meter) en besliste frou mei in ûnbidige libbenslust, ek op hege leeftyd. Boppedat is se de oerbeppe fan Thea Metz út Itens en troch Thea koenen wy aardich tichtby in direkte boarne komme: har beppesizzer Tjitske de Jong, de mem fan Thea. Ik belje mei beppesizzer Tjitske om noch mear ferhalen boppe tafel te krijen. Tjitske is berne yn Tytsjerksteradiel yn 1899 en troude mei IJsbrand de Jong út Wommels. Sy krigen twa soannen, Herman (1929) en Gerrit (1932), beide net mear yn libben. IJsbrand ferstoar jong yn 1934 en Tjitske stie der allinnich foar mei twa jonge bern. Sy holp yn de húshâlding by boeren en hie in winkeltsje yn in lyts húske yn Rien oan de Molmawei 17. No wenje Rein en Jolanda dêr. Har beppesizzer Tjitske tinkt dat se ek kraamfersoarchster west hat, want se fertelde altyd dat se in protte bern út de doarpen harren earste himd oanlutsen hat. En hoewol’t se grif in protte fertriet kend hat troch it betide ferlies fan har man, wist Tjitske har goed te rêden en kin har beppesizzer Tjitske har beppe net oars omskriuwe as in fleurige, optimistyske en warbere frou. “Ik wit noch dat wy dêr altyd op souder sliepe mochten, tentsjes bouwe koene en jier yn, jier út âld en nij fierden. 6 Tjitske efter de toonbank

7 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication