15

Postsegels fan Hitler. Yn it boekje sitte ek in stikmannich brieven. Sy binne skreaun troch Marten Hobma fan Rien. Marten is yn ’t earstoan de skriuwer fan de feriening, mar yn it ferslach fan oktober ’42 is te lêzen dat Marten dan yn Dûtslân sit y.f.m. de 'arbeitseinsatz'. Jongemannen wurde fan begjin 1942 ôf nammentlik ferplichte om yn Dútslân oan it wurk te gean. Wa’t net wol, moat ûnderdûke. De jongerein út Rien en omkriten skriuwe brieven oan Marten en sa út en troch skriuwt hy ien werom nei de leden fan de jongereinferiening. Soene der yn dizze, op it each spannende brieven, miskien dan dochs noch nijsgjirrige saken stean dêr’t ik eins nei op'e syk bin? Marten skriuwt dat hy wurket yn Nordenham en Brexen, tichtby Bremerhaven. Hy moat fan moarns 7 oant jûns 7 oere hurd wurkje en kriget dêrnei minne ierappels te iten. Fan in oer as healwei njoggenen ôf moat alles al stil en tsjuster wêze yn de houten barak, dêr’t hy mei alle oare manlju yn sliepe moat. Nachts leit Marten dan te harkjen nei de bommewerpers dy’t oer him hinne fleane. Marten rept mei gjin wurd oer de Dútsers dy’t him oan it wurk setten hawwe, mar hat gjin goed wurd oer foar de Hollânske jonges út ’e stêd, dy’t op itselde plak as him oan it wurk binne. Hy skriuwt dat sy allegearre in grutte mûle ha, mar as it der op oankomt binne it allegearre skytbroeken. Mar hy lit de lêzer grutdiels yn it ûnwisse oer hoe’t hy ta dizze miening kommen is. Ek de swiere omstannichheden en it ôfsjen beskriuwt hy eins net yn syn brieven. Hy skriuwt dat hy de jongerein fan Rien der net mei belêste wol, mar hy skriuwt it krekt wat te faak op, sadat it nei myn idee wol dúdlik is dat hy it dêr swier hat. En oars blykt it wol út syn wiidweidich ferslach fan in fysyk ûngemak dêr’t hy mei te krijen hat. Yn it iten dat hy dêr kriget sitte amper fitaminen. Dat soarget derfoar dat hy bot lêst kriget fan pyntliif . It wurdt sa slim dat hy derfoar nei it hospitaal moat. Dêr hat hy te krijen mei in tige strange en drege Dútske suster. Hy kriget fan har in soarte fan swarte tee te drinken, moat in slang trochslokke en ek op de oare kant fan syn liif wurdt in slang oansluten. Wat der dêrnei bard lit him it best gearfetsje as in oere lang spuie as in ielreager! Mar wat Marten foaral yn syn brieven docht is dreame oer it frije Fryske lân. It lân dêr’t hy sa graach werom nei ta wol. Eins krekt gelyk oan wat de jongerein fan de jongereinferiening yn Rien docht. Sy witte wat sy kwyt rekke binne en besjonge it frije lân dêr’t sy sa fan hâlde en nei werom langje. Sa hâlde sy mei-inoar de moed deryn en wachtsje sy bettere tiden ôf. Spitich foar my dus gjin nije heroyske fynsten, mar dochs ek wol wer in moai ynsjoch yn hoe’t de jongerein de oarlochsjierren besiket troch te kommen. It wie eins ek net realistysk om nije heroyske ferhalen te ferwachtsjen yn in boekwurk fol mei oantekens fan gearkomsten. Of soene dy miskien dochs yn de stikken tekst stean dy’t ik oerslein ha? Wa sil it sizze… 15

16 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication