Dan binne wy by de pleats fan Witteveen. Eartiids buorke Haye Statema op dat plak. It hûs fan Wybren Rispens heard offisjeel ek noch by Rien, mar yn ’e tiid dêr’t ik it no oer ha, stie der noch hielendal neat. Wy stekke de Draversdyk oer en dan binne wy by de pleats fan Harm en Alie de Vries. Doetiids wie Piet Frankena dêr boer en dan binne wy by myn eigen hûs. Dit hûs is fan 1911 en boud troch myn heit en mem. Myn heit wie Kees Spannenburg en hy wie keapman yn bargen. It hok tusken myn hûs en dat fan Harm en Alie heard offisjeel by myn hûs. Myn heit hie dêr eartiids meastentiids in stik as 20 bargen yn stean.” Jan, dyn hûs is neffens my in moai begjinpunt om de oare kear mei fierder te gean. Want der wiene dúdlik te folle keaplju en middenstanners om allegearre yn ien boekje te beskriuwen. Boppesteande foto is nei skatting makke om 1962 hinne. Op de foto fart de wenarke fan de famylje Fritsma Rien yn. Foardat de Fritsma’s ferhuzen nei in hûs oan de ein fan de kaai yn Rien wennen sy yn in wenarke, dy’t doe in fêst lisplak hie op ’t plak dêr’t hjoeddeis it swimplak fan Rien is. Op 'e foto is ek goed te sjen dat de feart yn 1962 in stik breder wie as tsjintwurdich. Der sit amper grûn tusken de bûtenmuorre fan it kafee en de Frjentsjerter feart. Eartiids waard der mei sterk iis in barte by de muorre oplein. Sa koene de reedriders maklik it kafee ynrinne om bygelyks in stimpel of in kop poeiermolke te heljen. Sadwaande is it kafee ek oan syn namme kommen: 'Wetter en iisherberch it wapen fan Hinnaarderadiel'. 30
31 Online Touch Home