Nijs fan toanielferiening ‘Nim it sa’t is’ As de bledsjes fan de beammen falle en de kachel yn hûs wer oangiet, is in ploech mei doarpsbewenners út de Fjouwer doarpen alwer drok dwaande mei toaniel. Elke moandeitejûn en ek wolris op tongersdeitejûn wurdt der repetearre. Dit jier is it Klaas Oldenburger, dy ‘t as regisseur plannen makke hat hoe ‘t dizze ploech de kommende tiid mei toaniel oan ‘e slach sil en op 29 septimber binne sy dan ek úteinsetten mei de repetysjes, sadat der heal maart 2026 wat op de planken stiet. Mei dit jier wol 14 spilers sil Klaas it stik delsette. En dit jier ek 3 nije gesichten op it toaniel fan de Lytse Fjouwere’. Wa’t dat binne, dêr komme jimme letter wol achter! De útfieringsdata kinne yn elts gefal alfêst yn de aginda: 13 en 14 maart 2026! Dat duorret noch in hiel skoft, dus jimme moatte efkes geduld ha. Wy sille jimme letter wat mear fertelle oer it stik, mar wy kinne jimme alfêst in lytse ‘hint’ jaan: It stik spilet him ôf yn de tiid dat wy suchte ûnder in besetter.... Wat wie der oan ‘e hân yn Fryslân? En wat betsjut ‘It lêste Swolchje’? Út namme fan spilers en bestjoer fan ‘Nim it sa it is’ => www.nimitsaitis.nl 41
42 Online Touch Home