45

Fan de Romte Remmelt Bouma We hawwe de earste wiken der alwer opsitten! Yn 'e earste wiken binne wy foaral dwaande mei hoe't it op skoalle en yn 'e klasse wurket. We bouwe oan in gesellige en feilige groep. Der is alwer in soad wurk fersetten mar we hawwe ek seker alwer in pear leuke mominten meimeitsje mochten. Sa hienen we de ANWB Streetwise dei. Oefenje mei de fyts yn it ferkear en hoe liket it as je meidogge yn it ferkear as je ûnder ynfloed binne? De bril dy't Ylonka op hat lit dat sjen. Fierder hienen we De Skille ek op fisite foar in interview oer 'Master Jack'. Dat interview mochten wy earst sels lêze en fansels ferbetterje (in prachtige Fryske les). We sitte ynmiddels yn oktober en dat betsjut ek dat we wer nei de gymseal binne. De lêste gymles op it ild wie gelokkich yn prachtich moai waar! 45

46 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication