9

Fierder bin ik ek noch lid fan de keatsferiening en de iisferiening, dus it kin samar sa wêze dat ik wer ris om ’e hoeke sjoch. Ik soe bygelyks ek wol wer ris meidwaan wolle oan it kaarten yn it doarpshûs. En do Janien? “Poe dêr fregest my wat. Ik moat dan tink ik mar ris mei Elbrich Nauta ôfprate of sa. Oars soe ik it hast net witte”. Is Elbrich in freondinne fan dy? “Wy ha op ’e Havo wol byinoar yn de klasse sitten, dus sadwaande kinne wy inoar goed. Ik soe it fierder net witte. Ik tink dat ik hjir yn Koudum mar in goede ambassadrise foar Rien bliuwe moat”. Jimme krije allegearre de groetnis fan Jurjen, Janien en fan Rinze. 9

10 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication