27

Feriening yn byld: De kwisjûn-kommisje Troch Elisabeth De kommisje wêr’t ik dit kear in ôfspraak mei ha, is net it hiele jier troch aktyf yn ús doarpen. Dêrom wie it efkes sykjen nei it júste momint en dan ek noch derom tinke dat wy fan ús út redaksje neat meikrije fan de tariedings fan dizze klup. Want praatsjes wolle wy fansels net... Dizze kear yn petear mei de kwisjûnkommisje! Foardat ik by Sippy binnen stap, freegje ik earst mar efkes oft de ‘kust feilich is’... Gjin fragen op papieren, priuwerijkes op tafel? Nee, lokkich net; op' e jûn dat ik efkes oansko sille de froulju 'pas' los mei it betinken fan de fragen fan kommende edysje. Sippy (Wiersma), Irma (Rijpstra), Jeannet (van Ommen) en Janny (de Boer) binne de lêste jierren de ouwer froulju, dy ‘t de kwisjûn organisearje, ûnder de pet fan FDD (Fjouwer Doarpen Docht). Foar Janny is it no de twadde kear, de oare trije froulju binne al langer belutsen by de organisaasje fan de kwisjûn. Eins is by dizze kommisje net hielendal bekend hoelang't de kwisjûn al bestiet yn de Fjouwer doarpen. Eartiids wiene der skynber wolris aksjes om jild op te heljen foar it doarpshûs en waard der in gesellige jûn organisearre. En letter wie der in aktiviteitekommisje, dy't dizze kwisjûn organisearre foar klups út de Fjouwer doarpen. Hjoed de deis is it FDD, dy't ‘t de kwisjûn op de planning set en de froulju by inoar bringt. De kwisjûn is in tige gesellige jûn, dêr't elkenien út de Fjouwer doarpen oan meidwaan kin. In jierlikse happening yn de Fjouwer doarpen, want op dizze jûn sit it doarpshûs grôtfol doarpsbewenners. En fanatyk dat se binne! De earste oanmelding foar 9 novimber is dan ek al binnen, dus de froulju kinne los! Ik skreaun dan krekt wol dat dizze kommisje net it hiele jier troch aktyf is, mar einliks is dat net wier. As ik freegje nei wat der no aardich is oan it organisearjen fan de kwisjûn, dan fertelle de froulju dat sy eins it hiele jier troch 'oanstean'. Dat wol sizze; Sykje nei aardige fragen, opdrachten, priuwerijkes ensfh.. 27

28 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication