Sa skriuwt elk syn ideeën op en bewarret dy foar de earste gearkomste. Dêrneist is it in útdaging om alle kearen wat wer nijs te betinken en mei orizjinele fragen te kommen. En fragen, wêr’t gjin misferstannen út ûntstean kinne. Want der binne tige fanatike doarpsbewenners by, elke punt telt! Sa betinke sy alle ouwer in tal fragen, dy wurde dan mei inoar besprutsen, útwurke en neisjoen. Der wiene earder wolris fragen, dy't it in oare tarieding fregen. Sa hiene wy ris allegear foto’s fan foardoarren fan húzen út de Fjouwer doarpen en hjirfoar moasten der yn it geheim foto’s makke wurde troch de kommisje. In tal froulju fynt it wol spitich dat sy sels net meidwaan kinne oan de kwis, mar dêr krije sy ek wer folle foar werom. Sy hawwe in soad wille mei inoar yn de tarieding en it jout ek in goed gefoel as je nei ôfrin werom sjen kinne op in tige slagge jûn. Fierder fine de froulju it moai dat it in aktiviteit is, dy't eins foar elkenien tagonklik is. En ek moai is dat der altyd saneamde 'helptroepen' binne; yn de foarm fan opheldering fan fragen, lotte ferkeapers (der is in ferlotting mei altyd wer prachtige prizen), ynkeapers fan prizen en neisjochmasters/juffers. Sa is de kwisjûn in jûn fan en foar de mienskip. As ik de froulju freegje nei in 'memorabele fraach of opdracht' fan earder, dan komme der prachtige herinneringen boppe. In priuwerij fan suvelprodukten, dêr’t kleurstof by brûkt wie, of in muzyk-fraach, wêr’t de hiele seal spontaan begûn mei te sjongen. Of wat mei suertsjes, dy't it op tafel stiene, dy't einliks bedoeld wiene om te rieden. Lang om let, de kwisjûn is ien fan de hichtepunten wat aktiviteiten oangiet yn de Fjouwer doarpen. En wat is it machtich moai dat sa’n klup mei froulju har dêr sa foar ynset. Ik ha no al wer sin oan 9 novimber! PS: Nei ôfrin fan it petear fan dizze jûn rekke Jeannet yn it sikehûs mei in harsenynfarkt. Nei omstannichheden giet it no goed mei har. En de kwisjûn giet troch, it leafst mei, mar oars sûnder Jeannet. Betterskip tawinske!” November 9|zaterdag KWISJUN: voor clubs, verenigingen en teams uit de 4 doarpen | aanvang 20.00 uur | dorpshuis | teams bestaan uit maximaal 4 personen | €10,- per team | opgeven t/m 2 november 28
29 Online Touch Home