33

De Toreador fan Itens Troch Watse Wa’t Spanje seit tinkt meastal ek al gau oan moai waar, strân, flamenko dûnsers en … de bollefjochterij! Yn de rest fan de wrâld is it in kontroversjele tradysje, mar in protte Spanjaarden binne der noch altyd sljocht op. Sels genietsje ik earlik sein noch wol it meast fan de youtube-filmkes wêrby’t de toreador it foar de feroaring ris in kear ôflizze moat tsjin de bolle. Want hoewol de bolle yn hast alle gefallen belies jaan moat, komt net elkenien dy’t by him de ring ynstapt der sûnder stikkene klean en in skeint ego wer út! ‘Krekt goed’ tink ik dan. 1-0 foar de bolle. Mar tagelyk moat ik tajaan djip respekt te hawwen foar de manlju dy’t it oandoare om by sa’n lilke bolle yn it hok te stappen. Ik ferklearje se allegearre folslein foar gek. Want foar de bolle is it nammentlik beslist gjin spultsje. As it oan him en syn 1000 kilo spiermassa leit, dan komt syn opponint net yn ien stik wer út de Arena wei. Ek foar in bolle útdrave, lykas yn Pamplona wol dien wurdt, is net oan my bestege. Mei hûndert oare idioaten troch in te smelle stege drave sjoch ik al net sitten, lit stean as der dan tagelyk ek noch in stik as 10 bollen troch hinne moatte. Nee, dan mar wat minder stoer hear. Ik sjoch wol efkes ta hoe't jimme dat dogge. Mar sûnder it goed te beseffen kaam ik der in pear wiken lyn efter dat wy hjir yn Itens ek in wiere Toreador te wenjen ha. Immen dy’t eltse dei om in oer as 5, midden yn Itens en folslein fergees, in foarstelling fuort jout oan elk dy’t hâldt fan in bytsje striid tusken minske en natoer. Mar yn de hjerstfakânsje giet dizze matador wolris in wykje op fakânsje. Ik nim mar oan dat hy ek wolris efkes bekomme moat fan al dy heroyske geochten en dan wurd ik somtiden wolris frege om in wike op syn feesteapel te passen. Utsein 1 eksimplaar is dat gjin inkeld beswier, mar mei syn gefederde swarte bolle mei oerreade eagen ha ik wol in bytsje muoite… It begjint al op de freed foar syn fakânsje. Ik kom dan efkes del om te buorkjen en krij dan útlis fan de fêste Toreador oer wêr’t alle iten stiet en hoefolle sy ha moatte. Hy lit ek noch efkes oan my sjen hoe’t it krekt moat. Hast achteleas stapt hy oer it stek en yn it hok fan syn eigen ‘bolle’. Ik sjoch de keunst noch efkes ôf fan efter de feilige hikke. It is krekt of hat it lilke bist de hiele dei útsjoen nei dit momint. De matador goait syn biks yn de piip boppe syn fiver en rint dan werom rjochting de hikke. As betankje foar al dat lekkers set it lilke bist fuort dêrnei de oanfal yn. Wylst de matador werom rint falt de lilke bolle him yn de rêch oan. 33

34 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication