Mar de betûfte Toreador wit presys wat hy fan syn eigen ‘bolle’ ferwachtsje kin. Wylst hy oer it stek stapt, stekt hy in skonk út nei de oanstoarmjende ‘bolle’ en fangt dêrmei de ûnûntkombere klap op mei syn lears… Okee, dit wurdt in aventoerlike fakânsje tink ik by mysels. “Leuk en aardich hear, mar wêrom stiet dy fiver en dy foerpiip eins midden yn syn ‘Arena’? As dy oan de kant fan it stek stean soene, dan soe ik him moai fan bûten it stek ôf fretten jaan kinne no.” “Nee, dat soe te maklik wêze”, seit de Toreador kalm. “Mar hast dan ek in stôk of sokssawat om him wat op ôfstân te hâlden? ”, freegje ik. De Toreador sjocht efkes om him hinne en pakt dan in ôfbrutsen takke fan de wylgebeam op, dy’t tafallich tichtby him leit. “Sjoch hjir”, seit er tsjin my wylst hy de net al te solide eagjende tûke yn myn hannen drukt. Ik lis de tûke mar klear foar de oare deis, mar fierder doar ik eins net om beskermjende maatregels te freegjen, want ik krij de yndruk dat de fêsteToreador it allegearre wat oerdreaun fynt. “No, in fijne fakânsje dan mar!” Dan wurdt it sneon en moat ik der dochs echt sels oan leauwe. Earst alle oare bisten mar wat fretten jaan, dan ha dy fêst mar wat hân. Ik pak de wylge tûke op en noch foar ik in stap yn de ‘Arena’ setten ha, brekt der spontaan in flink stik ôf… Wat is dit? Sabotaazje? It stokje is no amper noch 50 sintimeter lang. No, dêr gean wy dan. De bolle is der al lang en breed klear foar en stiet te trippeljen fan ûngeduld. Ik stap oer de hikke en hâld him foar my en rin heal efterút nei de foerpiip ta. By de piip oankommen haw ik hannen te koart, mar it slagget úteinlik wol. De bolle fynt it te lang duorjen en hellet in kear út. Mis, gelokkich. Heech tiid om my út de fuotten te meitsjen. Ik draai my om, doch rap in pear stappen, set 1 hân op it stek en spring der yn ien beweging oerhinne. De bolle set ûnderwylst syn bekinde ein-oanfal yn, mar hy is krekt te let. Pffft… 1-0 foar my! Mar jeetje, wat in lilk bist is dit sis! Thús moat ik earst myn ferhaal efkes kwyt en fertel wat ik krekt belibbe ha. Myn frou en dochter kinne harren amper foarstelle dat it sa slim west hat, as ik oerkomme lit. Sy nimme it beslút om de oare deis mei te gean en it mei eigen eagen te besjen. Ramptoeristen binne it! De kamera’s wurde meinaam en neffens my hoopje sy op een ‘blooper fideo’ lykas de fideos dêr’t iksels soms ek om laitsje kin. Underwylst meitsje ik my klear foar de twadde ronde. It publyk komt sels net iens yn de buert fan it stek! “Wat in grizel!”, hear ik as ik oer de hikke stap. Lekker motivearjend dit, jonges. Mei myn slappe takje fan neat en in bak mei foer stap ik foar de twadde kear yn de slangekûle. 34
35 Online Touch Home