Mar omdat ik graach dy tûke beethâlde wol ta beskerming, kom ik by de foerpiip hieltyd ien hân te koart. De hûs-toreador hat boppe op de foerpiip nammentlik in panne lein. Kak! Hoe krij ik dy panne derôf wylst ik myn hannen fol ha en der in lilke bolle njonken my stiet te blazen en te bûtsen. Ik moat de bak mei bolle-biks efkes tusken myn knibbels klamme om de panne derôf te pakken. Jakkes, dit fielt net feilich. Sa stean ik dêr in pear sekonden wylst ik gjin stap mear fersette kin. Mar ik rêd it op! Ik lis de panne wer omkeard op de piip en dan is it wer de heechste tiid om de feilichheid op te sykjen. Ik draai my om en sprint nei it stek. Dit is ek it momint dêr’t myn belager op wachte hat en hy stoarmet, mei de flerken wiid út, op my ta. Mar ik bin him opnij te fluch ôf en spring yn ien soepele beweging nei de feilichheid. “Jeetje, wat in rot beest!” Is it earste wat ik fan Else te hearren krij as ik wer bûten de Arena stean. Roelie, myn frou, is sa mooglik noch dúdliker, “Wat in K-bist! Ik hie’m ferhongerje litten!” krij ik te hearren. Al huverjend rint sy fuort en ferklearret my ek foar gek dat ik dit fakansjebaantsje oannommen ha. Fan myn ‘wapen’ is nei ronde 2 hielendal neat mear oer. Ik beslút dat dit oars moat en betink dat ik myn eigen hobby kombinearje moat mei dy fan de eigener fan de bolle. Foar de tredde ronde nim ik in lange angelsteun mei fan hûs! De stôk kin ik útskowe en oan de ein ha ik in helpstik fêstmakke. It is in griene angelsteun yn de foarm fan de letter V. Hy koe der wol foar makke wêze, betink ik op foarhân. De stôk mei dêrop de griene V steun hat in ûnferwachte útwurking op de bolle. It wurket gelyk as in reade lape op in echte bolle! As ik allinnich noch mar op de hikke sit slacht hy al heftich tsjin de stôk oan! Fel grien is dus beslist gjin goede kleur om in bolle mei fearren te kalmearjen! Foar de feilichens ha ik de stôk flink útskood, mar troch alle klappen kom ik der efter dat dit net sa ferstannich wie. 35
36 Online Touch Home