Troch de klappen fan de lilke bolle is de stôk wat ûnstabyl wurden en moat ik tuskentroch de stok in kear ynkoartsje. Mar fierder wurket hy perfekt. Ronde 4 ferrint ek neffens plan. Ik krij der wat handichheid yn en brûk no it hokje fan de bolle as barriêre om op ’e tiid út de fuotten te kommen. Myn dochter is ek wer mei en stiet te filmjen. Sy hat it al oer tik-tok en dat ik miskien wol in hit wurd... Ik betink by mysels dat ik hjir eins yntreejild foar freegje moat. Ronde 5 giet ek goed. No is it foar my saak om skerp te bliuwen. Want dit is net in putsje dat op rûtine kin. Dat is neffens my freegje om in pak rammel troch ûnachtsumens . Ronde 6 is in wiere beproeving. It wyfke fan de bolle stiet presys op it plak dêr’t ik by moat… It liket krekt of is meneer no noch mear motivearre om my it sikehûs yn te slaan. Hy libbet him út op myn angelsteun. Eltse kear as hy úthellet slacht it gers troch de luchtdruk fan syn flerken tsjin de grûn. Hjir sit beslist wol krêft efter, besef ik my! As de bolle lang om let op de râne fan syn eigen privé-swimbad stean giet, gryp ik myn kâns en trow ik him der mei myn angelsteun yn. It wurket perfekt. No ha ’k ynienen alle romte en tiid. Pffft 6-0. Ik meitsje my op foar de grutte finale. Ik moat noch ien kear it ritueel troch sjen te kommen, dêrnei nimt de fêste Toreador it wer oer en is hy nei alle gedachten wer genôch opladen om in jier lang de striid oan te gean. Alhoewol’t dat ik 6-0 foar stean is der foar my gjin romte om te ferslopjen. Ik moat fan mysels skerp bliuwe en hâld my foar dat it krekt gelyk is as by in bokswedstriid. Jo kinne op punten wol dik foar stean, mar ien goed mikte klap kin as noch in nederlaach betsjutte. As ik it hiem oprin foar de finale stiet ‘de bolle‘ my al lang en breed op te wachtsjen. Hy pompt al syn fearren op en draaft oan de oare kant fan it stek mei my op. As ik de doar fan it slot doch sjoch ik noch efkes nei de Arena dêr’t ik sa wer yn moat om de bolle iten te jaan. 36
37 Online Touch Home