13

De Quiz, de spelletjes voor de volwassenen en het Water survival parcours, zijn spelonderdelen bedoeld voor teams die bestaan uit 4 personen. Maar is het jou niet gelukt om zelf een compleet team te vinden? Geen nood, geef je dan op met een incompleet team, dan proberen wij er een compleet team van te maken! Wil je jezelf of een team opgeven, of heb je een vraag voor de feestcommissie stuur dan een bericht naar: ouwerdoarpendorpsfeest@hotmail.com Opgeven voor het feestkaatsen kan via kf-itens@live.nl of via het kaatsbestuur. TIP! Deel het nieuws over het komende dorpsfeest gerust via socialmedia en roep je mede-dorpsgenoten en vrienden op om zich ook op te geven! OANT 7, 8 en 9 juli! Mis it net! Soarchje das’t derby bist! Nijs fan 'e keatsferiening Moai om te sjen hoe 't keatsen de mienskip ferbynt. Troch mei-inoar te sporten is dit goed foar de fysike sûnens (as we de bierkes efterôf even ferjitte) mar minstens sa wichtich binne de sosjale kontakten dy 'tst opdochst en dan hoege we de drankjes nei ôfrin wier net te ferjitten. Op 17 juny wie it foar it earst yn it 101 - jierrich bestean fan de klup dat der in haadklasse keatswedstriid nei Itens kaam. Dit hiene we nea allinne foar inoar krigen, ús buorlju út Boazum holpe hjirby troch dêr de hearen haadklasse keatse te litten. In oar foarbyld is in kompetysjejûn tegearre mei Easterein. Sy sille by ús oanskowe yn Itens, sa kinne we allegear ris tsjin in oar keatse. Letter yn it jier (27 july) sille we nei Easterein om dêr in baltsje te slaan by de Skoalleseize. Ek de jeugd is geregeld te bewûnderjen op keatsilden yn de buert. Lykas in soad fan ús ek begûn binne: op 'e fyts nei federaasje wedstriden yn 'e buert. Der is hast alle wykeinen in jonge keatser of keatster dy 't mei in priis nei hûs fytse mei. De ultime beleanning foar elke keatser is fansels de krâns, hoe lekker is it om út bygelyks Reahûs wei nei Itens te fytsen mei in krâns om de nekke? In eare ronde! Keatsen ferbynt en dêrom nûgje wy ek elkenien út om ris mei te dwaan. De drompel is sa leech dat dizze mei it bleate each net te sjen is. Seker partijen mei de grutte bal (feestkeatsen, nachtkeatsen en de Fopma partij) binne útlêzen kânsen om (wer) ris mei te dwaan. 9 july: Feestkeatsen - 25 augustus: Nachtkeatsen - 3 septimber: Fopma partij Hooplik oant sjen op it keatsfjild! Bestjoer K.F. Itens e.o. 13

14 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication