19

Hoe is it no mei… Klaas en Anneke Schotanus? Troch Esther Ik tref Klaas en Anneke Schotanus thús oan yn Wommels. Klaas en Anneke ha mear as tritich jier yn Itens wenne en binne yn jannewaris ferhúze nei Wommels en wenje no yn ien fan de apparteminten oan it lytse keatsfjild oan de Sybren de Vlasstrjitte. Klaas en Anneke ha altyd koster west yn de Martinitsjerke fan Itens. Hoe giet it no mei se? “It giet best! Wy fine it hjir prachtich!” Anneke lit mei d’r yn en ik krij daliks in plakje oan de nije keukentafel fan Klaas en Anneke. It útsicht út de wenkeamer oer de ilden rjochting Snits is yndied prachtich. Klaas en Anneke sitte op de earste ferdjipping en ha rom sicht en in frij plakje op de hoeke fan it appartemintekompleks. “Wy kinne hjir ek noch nei buten op in moai ynpandich balkon”, seit Klaas. Oan de tee fertelle de ald- ynwenners fan Itens: “Wy ha elkoar moete yn Ysbrechtum. Hy sprong samar achterop by my!’, seit Anneke. Beide irtjin jier, dus in jong steltsje, mar elkoar net mear loslitten. Anneke komt fan Tirns en Klaas hat as soan fan in boerearbeider wol op mear dan 19 (!) plakken wenne as bern. Meastentiids yn Gaasterlan en rûnom Nijemardum. Hoe binne jim yn Itens bedarre? Anneke: “Wy binne tegearre yn Meppel begûn, op in flatsje twa heech. Klaas wie beropsmilitêr en lei yn Havelte. Hy wurke d’r as riid-ynstrukteur en technikus. Yn 1974 binne wy troud en yn 1976 waard ús âldste dochter Simone berne yn Meppel. Ik wie dêr net lokkich en woe graach werom nei Fryslân”. Klaas: ”Ik koe yn Fryslân wurk krije as sjauffeur by in drankehandel en Anneke koe oan it wurk as skjinmakster fan de iepenbiere skoalle yn Itens. Derneist koene wy in hierwenning krije oan de Hearedyk yn Itens. Sa bedarren wy yn 1976 yn Itens.” Nei Simone, kamen Jannie, Thea en Jan en wie it gesin Schotanus kompleet. No binne Klaas en Anneke ek pake en beppe en passe se sa no en dan op de lytsbern. Anneke hat ek op in protte bern út de ouwer doarpen passe, Klaas meant noch altyd (!) it sportild fan Itens. Nei de skjinmak fan skoalle is Anneke al 33 jier koster fan de Martinitsjerke yn Itens. Klaas neamt himsels hulpkoster. Dat stokje nimt dochter Jannie no fan harren oer. 19

20 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication