21

Ja, hoe gie dat sa? Jim ferhúzing nei Wommels? Anneke: “Wy hiene al ris wat faker om ús hinne sjoen. Wy woene wol ris wat oars en doe wiisde ús dochter ús op dizze apparteminten yn Wommels. Dat like ús wol wat ta en sadwaande binnen wy dyselsde dei, nei de kryst fan 2022 ris nei de apparteminten riden. In freonlike buorfrou seach ús omskarreljen en wy mochten har wenning wol eefkes besjen om te sjen as ús dat wat ta like. No, wy wiene fuortendaliks ferkocht!” Klaas: “Ja, wy krigen de wenning tawiisd troch Elkien. Prachtich! En koene d’r ein jannewaris al yn. Dat gie hiel flot. Us dochter socht ek in nij hûs en die hat de hier fan ús wenning yn Itens oernommen. Yn oerlis mei tsjerke fansels. Sy sil no ek it kosterskip oernimme“. Se ha in prachtige tiid hân yn Itens, mar sille harren net gau ferfele yn Wommels. Klaas: “Ik ha in protte hobby’s. Ik mei graach modelbouwe (hy lit mei wat modellen fan frachtweinen sjen, ik doch graach oan diamondpainting en mei graach fytse. Boppedat mean ik it ild noch yn Itens. Dus misse sil ik Itens noch net hear!”. Anneke past sa no en dan op de lytsbern, mei ek graach fytse en diamondpainte en is ek noch faak yn Itens te finen: “Wy bliuwe ek tsjerkjen yn Itens hear”. Ik hear it wol. Klaas en Anneke harren dagen binne einliks te koart en wy treffe se seker noch wol yn Itens. Mar se ha no in prachtich nije stee yn Wommels. In protte wenwille dêr en oant sjen! Bibliotheek Wommels Gedurende de zomervakantie (maandag 24 juli t/m zaterdag 2 september) hebben we aangepaste openingstijden. Deze periode zijn we dicht op de maandag. Wel open op woensdag van 10.00-17.30 en vrijdag van 14.00-17.30 uur. Woensdag 9 augustus is de bibliotheek gesloten i.v.m. de Freulepartij. Wil je toch boeken lenen op die dagen dan kan je met je bibliotheekpas naar iedere andere bibliotheek in Fryslân. Ben je geen lid van de bieb maar wil je deze zomermaanden lekker lezen? Dan hebben we een vakantieabonnement voor je. Drie maanden lenen voor maar € 7,50. Of download de Biebapp en leen de eerste 2 boeken gratis. Daarna 2 euro per boek. Een fijne zomer gewenst met veel leesplezier. 21

22 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication