23

PLAYBOY foar boeren! Troch Watse Doe’t ik noch in lyts jonkje wie en wenne op de buorkerij fan myn heit en mem krigen wy ienris yn de safolle tiid ‘de Veeteelt’ yn ’e brievebus. Ik sjoch it boekje noch foar my lizzen op ’e tafel, dy’t ôfdutsen wie mei sa’n hoogpolig tafelskleed, yn ferskate tinten mei brún. Us heit wie eins de ienige dy’t echt belangstelling hie foar it magazine. Yn it boekwurk stiene nammentlik de aldermoaiste kij en bollen ôfbylde. De ien sa’t skynt noch moaier as de oare. Allegearre sûkerskjin, mei útkamde sturten en mei de poaten yn in tsjokke laach strie! Fan stront wie yn hiel it boekje fansels ek gjin inkel spoar te bekennen. No falt it ús as redaksje de lêste tiid wol gauris op dat de boeren út de ouwer doarpen it Diggeloer geregeld tippe op de prestaasjes fan harren moaiste en bêste kij! Fansels fine wy dat hartstikke moai mannen en wy soene sizze, gean der foaral lekker mei troch. Mar omdat jimme blykber fan moaie kij hâlde en de ‘Veeteelt’ noch net kenne, ha wy spesjaal foar jimme in moai plaatsje opnommen yn dizze edysje fan it Diggeloer. In wiere centerfold! Efkes it nytsje derút en dan kin sy sa boppe jimme bedsje! Sybren stiet mei opsetsin oan de bûtenkant opsteld, dy kinne jimme der ek altyd noch ôfknippe. Lekker sliepe mannen, genietsje derfan! 23

24 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication