26

Mar no efkes sûnder gekheid! Want dizze ko hat dochs wol in bysûndere prestaasje levere. It is ko Ageeth 49 fan Sybren en Elbrich Nauta. Sy hat nammentlik de grins fan 10.000 kg fet en aaiwyt helle. No hear ik jimme tinken: 10.000 kg fet en aaiwyt, wat stelt dat no foar. De kij dy’t 100.000 kg molke jûn ha fleane ús yn it Diggeloer somtiden ommers om de earen! Ja, dy gedachte snap ik fansels wol, mar om jimme in idee te jaan, dizze ko hat al 125.000 liter molke oan Sybren ôflevere! Nei’t ik my fertelle litten ha is it sljochtsjen fan de grins fan 10.000 kg fet en aaiwyt in útsûnderlike prestaasje dy’t mar hiel inkeld helle wurdt. Jehannes van der Brug hat ek alris in ko (Hinke 292) hân dy’t soks prestearre hat, mar fierder nei myn witten noch nimmen. Ageeth 49 is al sûnt 2008 by Sybren en is troch him en syn heit Kobus as lyts kealtsje oankocht fan Auke Landman út Easthim. Auke wurdt troch Sybren noch mei regelmaat betanke foar dit keal! Foar de boeren ûnder de lêzers noch wat technyske ynformaasje. De heit fan Ageeth is bolle Talent en de mem fan Ageeth is in dochter fan Stadel. Ageeth hat 12 laktaasjes hân en Sybren hat noch 5 dochters fan dizze topper yn syn stâl omrinnen. Ien fan harren, Ageeth 50, hat yntusken ek al 100.000 kg molke jûn. Sybren is oansluten by de molkekontrôle fan Nijlân en hat fan dizze feriening in fraaie Makkumer panne krigen, dêr’t Ageeth ek op ôfbylde stiet. Lokwinske Sybren. Op nei in folgjende mylpeal. As dat safier is, hearre wy it wer graach!

27 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication