Kroechferhalen; Sally Troch Watse Doe’t ik in jier as 7, 8 wie swom ik simmerdeis geregeld yn de Frjentsjerterfeart yn Rien. It swimplak, oan de ein fan de Opslach, wie der doe noch net. Dus wy wiene op de kaai te finen en sprongen dêrfan ôf. Of as der in lyts boatsje foarby kaam, dan sprongen wy in kear stikem fan de brêge ôf, yn de hoop de opfarrenden skrikke te litten en wiet te spatten. Yn it hûs by de brêge, dêr’t no de famylje Weitenberg wennet, wenne doe Sally. No soe ik har ferskining wiidweidich beskriuwe kinne, mar it kin ek oars. Doe’t ik de film Flodder foar it earst seach, moast ik by it oansjen fan “Ma Flodder” fuortdaliks oan Sally tinke. Sally, hie itselde postuer en prûkje hier, rûn yn in jurk, mei dêrûnder learzens, oer de buorren en smookte sigaren. Wat har aard en dwaan en litten oanbelanget, moatte jimme de fergeliking mei ‘Ma Flodder’ mar efkes gau ferjitte. Want sy skynde in tige sosjale frou te wêzen. Allinnich as it waar moai genôch wie om te swimmen, hie ik as lyts jonkje soms in bytsje omgong mei Sally. Dat hie der alles mei te krijen dat sy iisko’s ferkocht! Fan de brêge ôf besjoen, ferkocht sy se fan út it lêste rútsje. Foar 50 sinten (gûne tiid) koedest in framboazelolly of Sinas split bemachtigje. In sjokodip wie neffens my in kwartsje djoerder en in bekerke mei roomiis wie mei in gûne de ‘magnum royal super de lúkse’ fan dy tiid. Op de foto it bewiis! "Lytse" Jan Boonstra hat hjir in iisko fan Sally te pakken. De foto sil fan om en na by 1980 wêze. 37
38 Online Touch Home