5

Fan de redaksje Troch Watse It is simmer yn De Fjouwer Doarpen! Alles om ús hinne is wer grien wurden en de measte fûgels ha yntusken al pykjes (hân). Wat mysels oanbelanget is dit de aldermoaiste tiid fan it jier. Foaral ek omdat wy noch it ien en oar tegoede hawwe en it noch lang duorret foardat de hjerst ynfalt. Yn dizze edysje fan Diggeloer moetsje wy de rinklup, dy’t ynkoarten miskien wol feroaret yn in rin- én fytsklup! Jo kinne (opnij) yn ’e kunde komme mei Arjen en Myra Kok, dy’t fan Itens ferhuze binne nei ien fan de moaiste plakjes yn de ouwer doarpen. Wy sjogge ek wêr’t Klaas en Anneke Schotanus bedarre binne. Sy hawwe, nei mear as 30 jier, Itens ynruile foar in oar wenplak. En wy sjogge efkes werom nei alwer in tige slagge edysje fan de Swit&Sit Rin. No’t it dien is mei de winter binne ek de simmerske aktiviteiten wer folop dwaande. Yn dizze Diggeloer dêrom ek in ferslach fan de earste aktiviteiten fan de Keatsferiening en wy kinne ek lêze nei hokker skoalle de bern fan groep 8 fan de Romte útfleane. Mar it is ek de lêste Diggeloer foardat de festiviteiten yn ús mienskip hielendal losbarste. Earst is op 1 july it Rikkersfeest yn Rien en in wike letter it Doarpsfeest. Fierderop kinne jimme de lêste ynfo en tips weromfine oer it kommende doarpsfeest. Wy hoopje alle ynwenners en fêste gasten werom te sjen as dielnimmer oan ien of mear aktiviteiten. As dat slagget en wy in bytsje knap waar derby ha, dan wurdt it wer in machtich moai wykein! Wy sjogge jimme graach werom yn de feesttinte en wat it Diggeloer oanbelanget, dat ferskynt wer yn septimber mei it earste nû. fan ús 43ste jiergong. In soad lês- en feestwille! DOARPSHUS DE LYTSE FJOUWERE Voor het dorpshuis zijn we op zoek naar een 2e schoonmaakmedewerker die aan de slag wil om, om de week, ons dorpshuis schoon te houden. De werkzaamheden starten in september en er staat een vergoeding tegenover. Voor info : Fokje Altenburg 06 33720753 5

6 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication