17

Wy wurkje by it GIT ek mei in ‘100% vindgarantie’. Dêr swar ik ek by sil ik dy sizze. Foar my gjin ‘loze loopkes’ mear troch waar en wyn wêryn jo net in dop fine! By it GIT is it altyd dikke bingo! Dus ik soe sizze ‘jou dyn âlde hobby wer wat pit en wurdt ek lid fan it GIT!’ Lykas by de greidefûgels ha wy by it GIT ek wol mei in protte predaasje te krijen. Mar fan rôffûgels en oare tradisjonele predatoaren lykas in murd en in krie ha wy gelokkich gjin lêst. Nee it binne sa’t skynt foaral twafuotters dy’t foar in protte predaasje ûnder de soarte soargje. Mar hé. Do snapst tink ik al hoe’t wy dêr mei omgean... Krekt, wy sitte dertroch echt net yn de shit! It heart der in bytsje by en it moaie is, it liket de fûgels sels suver ek gjin moer út te meitsjen, want net tsjinsteande alle predaasje giet it de soarte tige foar de wyn! En al dat goede nijs makket dat ik by de jiergearkomste fan it GIT dochs in stik nofliker sit as by dy fan de fûgelwacht. Want sis no sels, hoelang is it wol net lyn datsto goed nijs te hearren krigen hast oer de stân fan de greidefûgels... No ik bedoel mar. De gearwurking mei de boeren is earlik sein ek al in stik better as by de greidefûgels soms it gefal is. Ik snap der somtiden neat fan, mar guon boeren binne om de ien oft oare reden tige belutsen by dizze fûgels en wolle mar wat graach witte wêr't de aaien lizze. Wy ha mei de boeren ek in ôfspraak makke dat wy allinnich de nêsten opsykje en registrearje. Kontroleare oft de nêsten ek útkommen binne, litte wy oer oan de boer. Sa wurde wy as ‘gitters’ goed beskerme tsjin teloarstellende briedresultaten. Is dat net moai betocht? En as it hjerst wurdt en wy einliks genietsje kinne fan de neisit dan drage wy de soarch oer oan de jagers en ik sil dy sizze dy manlju hâlde de soarte ek skerp yn it fizier! No asto no noch net oertsjûge bist dan wit ik it ek net mear. Dus ik sis it foar de lêste kear: ‘Meitsje fan dyn hobby wer in hit en slút dy gau oan by it …!’ Omdat alles by it GIT sa maklik giet ha ’k hjirneist efkes in QR koade foar dy makke. Dan kinsto wierskynlik ek noch wol lid wurde! Groetnis fan it GITTERS https://youtube.com/shorts/rOczfPX2kxo?si=do7_AKoy4Kl3SZ33 17

18 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication