Wakati huo huo katika Afrika Troch Watse It deistich libben ferrint hjir meastentiids tige jachtich. Wy ha it op ús manier allegearre like drok mei saken dy’t faak net iens echt wichtich binne. Wy planne de hiele dei troch, konsumeare mear as ea en ha al stress as wy 5 minuten te let komme of efkes gjin berik ha. Miskien helpt it om it deistich libben ris troch de bril fan in oar te besjen. En dan bedoel ik net de buorman of immen oan de oare kant fan it doarp, mar lit wy sizze… samar in Tanzaniaan! OMLEIDING! (Mchepuko!) Nei Rien en Itens leit no ek ‘Hinnaard sintrum’ der út! Wa’t mei de auto fan it Spyk nei de Hinnaarderhoeke wol, moat in ‘flink’ ein omride. Yn Hinnaard kinne de wurkmannen meastentiids yn alle rêst de dyk opnij ynrjochtsje en ha sy de beskikking oer modern grut materieel om harren by dat wurk te helpen. Yn Tanzania giet it der krekt efkes oars oan ta. It deilean fan in arbeider leit dêr gelyk oan de priis fan 2 liter disel en in bytsje shovel brûkt op in dei ûngefear 120 liter fan dat guod. Kinst neigean hoe djoer it dêr is om in pear grutte masines it wurk dwaan te litten. It betsjut dat it wurk 9 fan de 10x dien wurdt mei in protte manlju dy’t allegearre skeppe en kroadzje moatte. Tink ek net dat sy de skeppe allinnich mar brûke om op te leunen, want dat is net it gefal. De mannen ha it wurk nammentlik oannommen foar in fêste priis. Wat earder as sy klear binne, wat earder dat sy earne oars wer wat fertsjinje kinne. Mar it grutste ferskil sit him wierskynlik yn wat der om it wurkplak hinne allegearre ûntstiet op it momint dat earne yn Tanzania it wurk oan de dyk begjint. Op Hinnaard stappe de boufakkers moarns ien foar ien út harren buske. As ik myn eagen ticht doch sjoch ik se mei lichte tsjinsin fan de bus nei it wurk ta sloffen. Grutte kâns dat sy yn de iene hân in termoskanne mei koe ha en yn de oare in koelboks of in bouradio. Mar yn Tanzania net. De mannen arrivearje dêr stik foar stik mei lege hannen op de bou. Sterker noch, net allinnich harren hannen binne leech, ek harren mage is oan it begjin fan de dei sa goed as leech. Mar dat duorret nea lang! Om it bouplak hinne ferskine nammentlik binnen de koartste kearen allegearre ‘pop-up’ restaurantsjes. It binne de saneamde mama’s, dy’t trije stiennen dellizze, dêrtusken in urkestoke en op dy wize begjinne te itensiede foar de hongerige wurklju. 40
41 Online Touch Home