13

Wakati huo huo katika Afrika Troch Watse It deistich libben ferrint hjir meastentiids tige jachtich. Wy ha it op ús manier allegearre like drok mei saken dy’t faak net iens echt wichtich binne. Wy planne de hiele dei troch, konsumeare mear as ea en ha al stress as wy 5 minuten te let komme of efkes gjin berik ha. Miskien helpt it om it deistich libben ris troch de bril fan in oar te besjen. En dan bedoel ik net de buorman of immen oan de oare kant fan it doarp, mar lit wy sizze… …samar in Tanzaniaan! Gouden gids 8.0 Hjir yn Nederlân binne wy behoarlik yn de bân fan Chat-gpt en AI, mar yn Tanzania binne sy alwer in stap fierder. Dêr hawwe sy al ‘Border to border’! Google en Chat-gpt binne fansels aardich mar it bliuwt by al dizze digitale programma’s úteinlik by in teoretyske oplossing. Jo sille nei it antwurd altyd noch sels yn ’t spier moatte om in taastber resultaat yn hannen te krijen. ‘Border to border’ is dêrom yn myn eagen in stik moderner en ek better, want it is in soarte fan 3D ferzje fan alle tinkbere applikaasjes byinoar. Asto wat nedich bist dan regelt ‘Border to border’ dat it by dy brocht wurdt. Betingsten yn wat mooglik is binne der amper, salang as it mar binnen de grinzen van it lân te krijen is. Dêrom ek de namme fansels. De tagong is ienfâldich. Do bellest* dyn eigen lokale ‘Border to border’ kontaktpersoan en do fertelst him wat datst nedich bist en dêrnei hast allinnich noch wat geduld nedich. Dyn lokale kontaktpersoan is in jongeman mei in rappe brommer. Wat hysels allegearre kin is net sa hiel wichtich, want hy kin sawat al it ambachtsfolk en de middenstanners yn dyn neiste omjouwing. Dêrnjonken kin hy ek noch in hiele protte oare ‘Border to border’ manlju dy’t krekt as him allegearre in rappe brommer en in hiel grut netwurk hawwe, mei minsken dy’t wat meitsje of leverje kinne. En sa losse sy meielkoar sawat al dyn problemen op. 13

14 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication