De Alvestêdetocht fan … Troch Watse It is heechsimmer, mar dochs bringe wy in ferhaaltsje oer de Alvestêdetocht fan ien fan ús ynwenners. In simmerske edysje, sis mar. Dat komt troch Johannes Visser fan Rien. Nei alle gedachten hat nimmen út de fjouwer doarpen de Alvestêdetocht faker dien dan hy. Yn 2024 gie hy nammentlik foar de 50ste kear op in racefyts by de Fryske stêden del en hy is noch net fan doel om op te hâlden… 50x! dan tink ik dat de rûte net safolle ferrassings mear foar dy hat? “Nee, dat kloppet. Hielendal net mear. Mar ik haw ik de tocht mar in pear kear op pinkstermoandei fytst hear. Dat is om’t ik nei in pear tochten frijwilliger wurden bin en sûnt die tiid help ik op de dei fan de Fytsalvestêdetocht mei om alles goed ferrinne te litten. Ik bin begûn yn Holwert en dêrnei haw ik ek meiholpen by de start yn Boalsert en letter by de ridende kontrôle. Tsjintwurdich bin ik ‘fliegende kiep’ en ryd ik mei in part fan it bestjoer by de rûte lâns. As der earne kalamiteiten binne dan springe wy efkes by of meitsje in kar as de situaasje dêrom freget. De frijwilligers fan de Fytsalvestêdetocht ha de hiele simmer de gelegenheid om de tocht sels te fytsen. Sy brûke dêrfoar de App dy’t tidens de Koroanaperiode ek in kear brûkt is op pinkstermoandei. Ik fyts de tocht altyd in wike foar de echte tocht, mei in fêste ploech fan frijwilligers en bestjoersleden.” Is dat net folle minder aardich om in wike earder de Alfestêdentocht al te fytsen? Der stean dan ommers hielendal gjin minsken lâns de kant fan de dyk. “Nee, dêr jouwe wy neat om. Wy bliuwe as groep de hiele dei moai byinoar en hawwe it ûnderweis ek wol hiel gesellich, moat ik sizze. Boppedat is it meihelpen op pinkstermoandei ek hiel aardich en tankber om te dwaan. Der binne altyd in wrâld oan fytsers dy’t my werkenne as ik earne oan de kant fan de dyk it ferkear stean te regeljen. Ik werken harren fansels net yn it foarby fytsen, mar sy roppe my fan alles ta. Dat is hiel aardich om mei te meitsjen.” Wêr komt dy leafde foar it fytsen by dy eins wei Johannes? Dat is ûntstien in 1972. Myn heit en mem (Jappie en Beitske) wennen yn it hûs dêr’t wy no sels wenje. Myn heit hie tegearre mei noch immen in buorkerij op dit plak, mar doe ferstoar ynienen dizze kompanjon fan myn heit. Doe haw ik ús heit dat jier holpen mei de buorkerij en as betankje foar myn help krige ik fan him doe in nije racefyts kado. Ik krige wol nocht oan it fytsen en bin doe yn datselde jier noch lid wurden fan Toerfytsferieining Rally yn Snits. Ik ha oan alderhanne eveneminten wol meidien. Oan wedstriden, tiidritten en ek oan hiele lange toertochten. Dan fytsten wy bygelyks fan Snits nei earne yn Switserlân ta. No dan belibje jo al wat, sil ik dy sizze. Yn Bazel rekke ik in kear fan de rûte ôf en bedarre doe samar tusken de hekken op it fleanild. Dan stiest al efkes raar te sjen hear. 18
19 Online Touch Home