19

Wy moasten ús dan ûnderweis ek mar sjen te rêden. It wie altyd wêr in aventoer en jo bedarren op de gekste plakken. Wy sliepten by minsken op de bank en ek geregeldwei by in boer op de heasouder. Meastentiids gie dat wol mei tastimming mar wy krûpten ek wolris stikem wei by ien yn ’t hok of op in souder. Yn België seagen wy in kear in moaie skuorre om yn te sliepen. Binnen lei ek noch kreas drûch strie op de grûn, it koe hast net better. Mar in pear oeren letter waarden wy ynienen wekker tusken de hokkelingen. De boer hie de stâl reemakke foar syn jongfee en wie dêrnei fuortgien om de bisten op te heljen. Yn dy tuskentiid hienen wy ús krekt lekker deljûn. Wy binne ek alris by in boer op souder krûpt, mar doe wie it al wat letter op de dei sadat wy it eins net mear oandoarden om it netsjes te freegjen. As hy nammentlik ‘nee’ sein hie, dan hiene wy al in probleem. Doe seach ik dat de hiele famylje foar de telefyzje nei Mies Bouman siet te sjen. Wy allegearre plat op it liif en sa binne wy ûnder de finsterbanken troch krûpt om by dy souder te kommen. Soks kin fansels no net mear. Yn Seelân hie ’k wol in adreske om te sliepen, mar troch in mankemintsje oan de fyts miste ik doe de lêste pont. Doe ha ’k in nacht yn in bushokje lein. Ik bin yn Frankryk ek alris ûntkommen oan de dea. Ik siet wat de slûgjen op de fyts en sa stowde der ynienen in trein flak efter my del. Ik wie fuortdaliks wer klearwekker, sil ik dy sizze. Werom diene minsken mei oan sokke meunsterritten? Yn dy tiid die ik mei oan it Nederlânsk kampioenskip toerfytsen. Dan hiest tusken 1 maart en 31 oktober de tiid om safolle mooglik kilometers op de fyts te meitsjen. Om dat te bewizen moasten jo dan ûnderweis stimpels sammelje. Op myn 18e bin ik Nederlânsk kampioen wurden yn myn kategory. Ik hie dat jier mear as 25.000 km fytst. Omdat alles nei ôfrin fan it seizoen neirekkene en kontrolearre waard, wie de útslach pas in pear moanne letter binnen. Ik wie dat jier 2x siik west en tocht dat ik te min kilometers makke hie om winne te kinnen. Mei in ‘smoes’ waard ik, nei Utert lokke en krige dêr ynienen te hearren dat ik dochs Nederlânsk kampioen wurden wie. Hilda lit my in krantefoto sjen fan de kampioen, dy’t doe noch wat langer hier hie as no. 19

20 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication