20

Mar ‘dat kado’ fan dyn heit en mem koe wolris grutte gefolgen hân ha foar jimme hiele húshâlding, want neffens my is de leafde foar it fytsen by jimme thús wol wat besmetlik. “Ja, dat soe samar sa kinne. Us Sijtske hat lange tiid by de amateurs fytst. Sy fytste dan yn it peloton mei sokken as Marianne Vos en Anna van der Breggen. Ek ús Jacob hat op amateur nivo oan wedstriden meidien en ús Willem sit yn it haadbestjoer fan de Fytsalvestêdetocht. Yn it wykein fan de Fytsalvestêdetocht binne wy allegearre yn it spier. Willem is ferantwurdlik foar de noardelike rûte, Jacob sit tsjintwurdich efter de telefoan yn it krisissintrum en Sijtske is rayonhaad fan Snits. Sytske hat dy taak oernommen fan har mem. Hilda hat dêrfoar nammentlik dat wurk jierrenlang dien. Ek ús skoandochter Minke en in hiele protte oare famylje en kunde fan ús helpe mei. Sels de buorlju ha al in rol. Dus do seist it mar dan regelje wy foar dy ek samar in moai plakje.” It giet de ferkearde kant út mei dit petear, Johannes. Wy moatte gau werom nei dyn Fytsalvestêdetocht. Is der in protte feroare yn 50 jier tiid? “Ja, dochs wol. Doe’t ik foar it earst mei fytste wiene der mar in pear tûzen dielnimmers en dienen der ek noch amper froulju mei. Dat is tsjintwurdich wol oars. De geselligens ûnderweis is ek bot ta nommen. Fan Hantum ôf is der sawat yn alle doarpkes wol ferdivedaasje. Fierder is fansels ek de organisaasje hieltyd grutter en wichtiger wurden. Sy hâlde bygelyks no ek rekken mei klimaatferoarings. As der in hoasbui is dan binne der op in soad stimpelplakken yntusken wol oerdekte útwykmooglikheden. Yn Snits rinne wy bygelyks mei de kaai fan de feemerkhallen yn de bûse.” 50x is al in hiele prestaasje fansels mar it rekôr stiet neffens my al op 68x. Is dat ek dyn doel? “Ik besjoch it per jier. Sa as ik my no fiel kin ik noch wol in skoftsje mei, mar ik bin yntusken ek op in leeftyd kommen dat it samar oars kin. Mar 68 kear is wol in hiel soad, moat ik sizze.” Hast mei dyn 50ste dielname ek net op de dei sels fytst? “Nee, mar doe bin ik op pinkstermoandei wol yn de tinte huldige. Dat sil der wol wat nuver útsjoen ha, want ik hie fansels hielendal gjin fytsklean oan, mar bin wol op it poadium yn de tinte delsetten en krige dêr in krânse omhongen.” 20

21 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication