8

Achttjin yn de fjouwer doarpen In blik yn it libben fan Marike Ligthart (18) út Itens Troch Esther Net lang foar har 19e jierdei ein maaie praat ik mei Marike Ligthart út Itens. In knappe blonde faam út it doarp Itens fan 18 jier. Ik ken Marike al fan jongs ôf oan; se kaam as altyd laitsjende pjut al by ús thús om te boartsjen mei ús âldste dochter, en se hawwe tegearre har hiele skoaltiid trochbrocht. Marike waard berne yn it sikehûs yn Snits en wennet sûnt dy tiid mei har heit Henk, mem Gea, broer Meint (22) en kat Flappie op de pleats op de hoeke fan it doarp Itens rjochting Hinnaard oan de Iewei. Marike har dagen wurde op it stuit fol mei stúdzje, bybaan, staazje en útgean. Se hat in soad wille oan har stúdzje en is motivearre. Marike: “Ik sit yn it twadde jier fan de mbo-nivo 4-oplieding Leidinggevende Travel en Hospitality by Firda yn Ljouwert en ik fyn dat echt in hiel leuke oplieding. Neist dat ik de oplieding leuk fyn, haw ik der ek in protte freondinnen moete en wy geane faak mei-inoar op stap.” Wat hâldt dy stúdzje krekt yn? Marike: “It is in kombinaasje fan gastfrijens, resepsjewurk, betsjinjen en it oanstjoeren fan meiwurkers yn in bedriuw yn de toeristyske sektor, dus bygelyks liedingjaan yn hotels, restaurants ensafuorthinne.” Marike giet fierder: “Ik haw yn it earste jier fjouwer moanne staazje rûn by it reisburo TUI yn Snits en ik haw dêr in soad leard. Dochs fyn ik dat net it leukste wurk. Do sitst dan dochs in soad efter de kompjûter en dochst in protte administratyf wurk. Yn it twadde jier haw ik fjouwer moanne yn in hotel yn Ljouwert staazje rûn en dat fûn ik superleuk. Ik die fan alles wat: in soad efter de resepsje, gasten ûntfange, telefoantsjes en e-mails ôfhannelje, rekkens opmeitsje en noch folle mear. As it dan rêstich waard by de resepsje, gie ik oan ’e slach yn de betsjinning fan it restaurant fan it hotel. Dat wie ek hiel leuk. Ik fyn foaral de ôfwikseling yn it wurk en it klantkontakt hiel moai.” Hoe komst derop dat dizze stúdzje wat foar dy wêze soe? Marike: “Nei de havo by Bogerman yn Snits wist ik net sa goed wat ik woe. Havo is fansels in brede en algemiene oplieding. Yn myn jeugd giene wy as húshâlding faak op fakânsje nei it bûtenlân, lykas Grikelân, Spanje en it Karibysk gebiet. Ik tink dat dêr it siedsje foar dizze oplieding lein is.” Takom jier sit se al yn it eksamenjier fan de oplieding en sil se benammen oan ’e slach mei it liedingjaan yn it fak. Marike: “It is de bedoeling datst dan groepen earstejiers studinten oanstjoerst by projekten dy’t se dwaan moatte, lykas it bouwen fan in stand op in fakânsjebeurs”. 8

9 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication