Marike hat der in soad nocht oan. Oft se ek echt har berop fan dizze stúdzje meitsje sil, wit se noch net: “Do moatst dochs altyd wurkje op feestdagen en yn it wykein as jûns. Dat fyn ik wol de minder moaie kant fan dit fak.” Foar no is it noch hielendal net sa fier dat se útfljocht: “Ik fyn it tige noflik yn de fjouwer doarpen. Ik ken der in soad minsken en gean ek mei jongeren út omlizzende doarpen faak op stap. Wy geane benammen nei Ljouwert, nei Bergsma yn Easterein, De Twa Gemeenten yn Jirnsum of nei de tintefeesten yn ’e buert. Meastal sprekke wy dan ôf by de Keet yn Britswert en pakke in taksy mei in hiele groep nei in feest. Supergesellich!” Wat soest opgroeiende bern yn ús fjouwer doarpen oanriede? “Nou, bliuw hjir mar moai wenjen. It is gewoan hiel fertroud yn de doarpen en it is hiel noflik datst elkenien kenst. Ek al is de skoalle net sa grut, dat fyn ik krekt moai. Ik boarte mei bern fan alle leeftiden en der is genôch oandacht fan de juen en masters op sa’n lytse skoalle.” 9 It is wol wichtich datst sels wat oan de aktiviteiten meidochst, fynt Marike: “Ik fyn keatsen hiel leuk en haw dêr wol in soad oan meidien en wol eins ek wol wer faker meidwaan, mar it is soms wat drok mei staazje, wurk en skoalle.” It doarpsfeest is elk jier it hichtepunt foar Marike: “It doarpsfeest is echt in must-go. Dat meist net misse! It is sa leuk om’t der allegear minsken binne dy’tst kenst, fan jong oant âld, en do kinst mei elkenien in praatsje meitsje.” Ik begryp wol dat se it doarpsfeest sa geweldich fynt. Sûnt febrewaris hat Marike in freon, Sven (20) út Hilaard en dy hat se trije jier lyn op it doarpsfeest
10 Online Touch Home