Nijs fan toanielferiening Nimitsaitis Nei it grutte sukses fan Bokkes Besonjes ha ús toanielspilers harren wer even werom lûke koenen yn har eigen rol. Mar no sa, ein augustus begjint it foar in oantal wol wer te kribeljen. Wa soe ik dit jier wêze, ha ik in soad tekst en wa binne myn meispilers? Lokkich starte heal septimber de repetysjes wer fan Nimitsaitis! It bestjoer is tige bliid dat nei it grutte sukses fan Bokke Besonjes mei regisseur Klaas Oldenburger, wy no wer in regisseur út eigen hús ha. Harrie Draaijer komt nei in jier as spiler wer werom as regisseur. Harrie hat al ferskillende toanielstikken opfrege om der in moai stik út te heljen. Fan ôf heal septimber sil der begong wurde mei it lêzen fan it stik om it dernei hieltyd mear eigen te meitsjen. Hâld 18, 19 of 20 maart frij yn jimme aginda. Dan kinne jimme de akteurs út de Fjouwer Doarpen wer bewûnderje yn de Lytse Fjouwere! 18
19 Online Touch Home