Skoffelje op Hinnaard troch Esther Hinnaard is ien fan de fjouwer lytse mienksipkes út ús fjouwer doarpen. Fansels ferhâlde wy ús ta de fjouwer doarpen, mar de Hinnaarders treffe elkoar ek yn útsein 'Hinnaarder setting'. Sa hâlde we ien kear yn it jier Hinnaarder jûn, wer't de Hinnaarders beprate wat d'r bart is yn Hinnaard en wat'r takommend jier barre moat. De Hinnaarder jûn wurdt elts jier organisearre troch de stichting “Behâld Hinnaarder Klokhûs”, dy't yn 1993 by de restauraasje fan it klokhûs oprjochte is. Neidat it klokhûs restaurearre wie, frege it doetiidske bestjoer de Hinnaarders om ien kear yn it jier de boel om it tsjerkhôf hinne te himmeljen. En dat diene se: Hinnaarder Himmelsneon ûntstie. De tsjerkfadij fan ItensHinnaard, dy't eigner fan it klokhus is, betelle de kosten foar himmelerij en de benzine foar de meanmasjine. It sil somtiden en no noch bêst wat nuver like ha. Minsken dy't op de âlde grefstiennen ompoetsten en it gers tusken de grêven meanden, mar elkenien die en docht mei. Wietske wennet al mear as 25 jier op Hinnaard: “It loophek mei de alderlytsten stie op it tsjerkhôf en de âldere bern stapten der gewoan om.” Dat klinkt miskien wat luguber, mar foar Hinnaarders is it tsjerkhôf in moai en leaflik plak en in hiel ‘gewoan’ stikje fan it doarp. Noch altyd wurde Hinnaarder jûn en de Hinnaarder himmelsneon holden op inisjatyf fan de stichting. Neist dizze dagen hâlde Hinnaarders it hiele jier troch it tsjerkhôf, it paad en it bankje kreas. It is in bytsje tradisjoneel ferdield, mar hast alle Hinnaarder manlju meane yn groepkes fan twa yn ’e simmer it tsjerkhôf. Elke wike stiet in oar twatal op it meanskema en wurdt mei in lytse meanmasine it tsjerkhôf meand. Yn it ferline, op it inisjatyf fan Hiske, dy’t ferline jier spitigernôch ferstoar, en no op it inisjatyf fan Wietske as Karin, komme hast alle Hinnaarder froulju ienris yn de trije of fjouwer wiken byinoar om it paad te skoffeljen en sa no en dan de beammen en hage te snoeien. Rigt Marie: “Ik wit eins net hoe’t wy dat foar de WhatsApp-tiid diene. Hiske seach meastal eefkes op it tsjerkhôf en ik tink dat wy elkoar dan gewoan eefkes skille mei de tillefoan as miskien mei in briefke troch de bus.” 21
22 Online Touch Home