47

troch Watse Wakati huo huo katika Afrika It deistich libben ferrint hjir meastentiids tige jachtich. Wy ha it op ús manier allegearre like drok mei saken dy’t faak net iens echt wichtich binne. Wy planne de hiele dei troch, konsumeare mear as ea en ha al stress as wy fiif minuten te let komme of efkes gjin berik ha. Miskien helpt it om it deistich libben ris troch de bril fan in oar te besjen. En dan bedoel ik net de buorman of immen oan de oare kant fan it doarp, mar lit wy sizze… …samar in Tanzaniaan! Famylje Foar de measten fan ús sitte de fakânsjes der wer sa goed as op. Tiid om wer oan it wurk of nei skoalle ta te gean. Foar wa’t al syn hiele libben lang wurke hat, hawwe wy yn Nederlân in pensjoenstelsel betocht en wa’t efkes gjin wurk fine kin of te siik is om te wurkjen binne der gelokkich ek foarsjennings. Hoe oars is dat yn de Afrikaanske kultuer. Dêr ha heechút in hantsje fol amtners miskien rjocht op in beskieden pensjoen. Foar de rest moat elkenien himsels mar sjen te rêden. In dei siik betsjut in dei gjin lean en te lang of te faak siik betsjut datst hielendal gjin wurk mear hast. Ek al is dyn nead noch sa heech, by de oerheid hoecht yn elts gefal net oan te klopjen. It iennige sosjale fangnet is dêr dyn eigen famylje. Of noch better sein dyn ‘extended family’. Doe Lut en Rigt Marie hast 40 jier lyn harren bedriuw yn Tanzania op poaten setten kamen sy der al gau efter dat famylje yn Afrika folle wichtiger is as by ús. Ien fan harren sjauffeurs, in al wat âldere man, liet nei in pear wike wurkjen witte dat syn heit hommels ferstoarn wie. Tige slim fansels. Hy joech oan dat hy dêrom werom nei syn famylje en syn bertedoarp ta moast. Nei in goed wike wie de sjauffeur wer werom. Mar noch gjin healjier letter melde de sjauffeur yn kwestje him opnij by Lut mei it nijs dat syn heit ferstoarn wie… Lut en Rigt Marie snapten der earst net it measte fan en tochten in koart skoftke dat de man harren te fiter ha woe. Oant sy yn de gaten krigen datst yn Afrika de broers fan dyn heit ek as dyn heit sjen moast. Krektgelyk moatst de bern fan dyn ekstra ‘heiten en memmen’ (lês omkes en muoikes) as dyn broers en susters behannelje. Sa kin it barre dat jo yn in koart skoftke tiid dochs meardere heiten of memmen ferlieze. Mei troch it ûntbrekken fan oare sosjale fangnetten is de ‘extended family’ tige, tige wichtich. As der wat bart yn dyn famylje, lykas in houlik of in stjergefal dan wurdt fan dy ferwachte datst der by bist. Oars wurdst al gau sjoen as eigenwiis en asosjaal. Der stjit tsjinoer dat in fraach om help fan in famyljelid yn prinsipe net wegere wurdt. 47

48 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication