hebben wij ons eigen notenbranderij aan huis, waar wij de noten eigenhandig branden, ook dit heeft veel invloed op de smaak en kwaliteit van de noten. ‘s Ochtends worden de bestellingen afgedrukt, bij elkaar gepakt en verpakt. Noten, studentenhaver, zaden en pitten, rijstzoutjes, gedroogde vruchten, rauw, met of zonder zout, met kruiden of chocolade. Met een assortiment van ongeveer 160 producten is de keuze reuze! In de middag worden de pakketten afgehaald door de vervoerder, zodat ze de volgende dag al bezorgd kunnen worden bij de klanten door het hele land. Daarnaast zijn de producten te koop in verschillende boerderij- en streekwinkels en kunnen de bestellingen natuurlijk ook gratis, op afspraak afgehaald worden in Winsum. Vergeet niet: een dag niet genoten is een dag niet geleefd! :) Wie weet tot snel! Help Nij ynformaasjesintrum Fierljeppen yn Winsum Yn gearwurking mei Doarpsbelang sil de Wurkgroep Doarpsargyf Winsum in nij ynformaasjesintrum oer it fierljeppen meitsje litte. It sintrum hat as wurknamme ‘De Jint’ .Lokaasje hjirfoar is de steger oan de Skâns, dêr’t fan 1957 ôf oant 1985 ta it Frysk Kampioenskip ljept waard. Dizze simmer al starte de wurksumheden. Fierljeppen, mei in typysk Winsumer histoarje “Wy besykje as Wurkgroep ús argiven feilich te stellen, te ynfintarisearjen, te rubrisearjen en op te slaan, mar we wolle ek graach wat sjen litte”, seit Gerrit Hoekstra, foarsitter fan de Wurkgroep. “En dan komt men al gau op it fierljeppen, want dat hat echt in lange histoarje en is o sa ferbûn mei ús doarp. As minsken hjir lâns fytse dan hearst se it wol tsjin inoar sizzen: hjir waard eartiids ljept.” Oanpassings en panielen It is de bedoeling om de barte dy’t no de feart yn stekt flink oan te passen. De peallen wurde bygelyks ynkoarte, der wurde swarte planken yn it midden oanbrocht en de bestrating wurdt oanpast. “De swarte baan op de barte wurdt trochlutsen yn de bestrating”, ferdúdlikt Gerrit. Oant yn de stege, want dêr begûn de oanloop”. De tagong wurdt sadanich ynrjochte dat dy ek geskikt is foar besikers mei bygelyks rollators. De ynformaasje oer it fierljeppen (tekst + foto’s) kriget syn plak op ynearsten in tal ynformaasjepanielen op de houten steger njonken de barte. Dêr wurdt mei nammen yngien op it ûntstean fan it fierljeppen en hoe’t de sport him ûntjûn hat. Dochs doarre de inisjatyfnimmers it oan om alfêst te begjinnen. Der is help fan leanbedriuw Frankena en fan Posseth Montage. “Dan hawwe jo fuortendaliks fakminsken derby”, seit Gerrit. “Frankena hat fansels ûnderfining mei stegers, beskoeiing en sljocht- en straatwurk. Posseth sit hielendal yn konstruksje en montaazje. Men hat sokke mannen nedich. Wêr’t wy in probleem sjogge, ha sy al in oplossing.” Wat de stipe fan doarpsgenoaten oanbelanget moat de namme fan Klaas Jellesma net fergetten wurde. “Yn al dy jierren fan plannemakkerij, want it duorret al in skoft, mei troch koroana, hat Klaas yn ûnderskate fazes meitocht en meitekene !”, follet Gerrit noch oan. Mooglik noch keunstwurk Ynearsten wie it de bedoeling om it ynformaasjesintrum te keppeljen oan in nij keunstwurk, mar oant no ta is it net slagge om dêr ek jild foar frij te spyljen. “De subsydzjestromen foar histoarje en keunst lizze net echt parallel”, seit Gerrit. “Dat sil op in oare wiize moatte. Wy sille sjen oft dat ek fia Doarpsbelang rinne kin. Wy hawwe it yn elts gefal noch net opjûn.” Gearwurking “De gearwurking mei Doarpsbelang is o sa wichtich”, seit Gerrit. “Wy binne as Wurkgroep al in skoftke gjin Stifting mear omt dat te folle kosten mei him meibrocht. Mar yn de wrâld fan subsydzje-oanfragen moatte jo wol in rjochtspersoan wêze. Doarpsbelang is hjir hiel goed ynstapt en it past yn harren – en ek ús – fyzje dat Winsum yn de takomst in oantreklik doarp bliuwe moat.” Krekt 2000 euro te min: it doarp belûke Fansels kostet it meitsjen fan in nij ynformaasjesintrum jild. Der is in lytse 20.000 euro út fûnsen en subsydzjes op it kleed kommen, en de kosten lizze om de 22.000 euro. “Der is dus noch in gat fan 2000 euro”, konkludearret Gerrit, “en dêr wolle wy graach it doarp by belûke. Wy sille dizze simmer en neisimmer by de Winsumer bedriuwen del om in bydrage te freegjen foar dit inisjatyf. Ek sille wy dizze neisimmer ús doarpsgenoaten oan, op in wize lykas dy’t te ferlykjen is mei de fûnsfoarming fan de keatsmuorre. 15
16 Online Touch Home