22

Grou fanâlds Grou is fanâlds in doarp fan fiskers, skippers en komelkers. Trochsnien mei fearten en havens en allinnich te berikken oer it wetter. In skiereilân mei werven, seilmakkerijen en oare oan wetter-bûne bedriuwen. Mei sintraal as beaken de Sint Pitertsjerke út de 12e iuw, neamd nei de apostel Petrus, beskermhillige fan fiskers en skippers. Kuierjend troch de nauwe stegen en stritsjes, mei nammen fan havens en baaien fan eartiids, is it rike hystoaryske karakter noch altyd folop te beleven. Grou wie ek in bloeiend sintrum fan klokmakkerijen. It wetter om Grou hinne en de isolearde lizzing hat foar prachtige ferhalen en tradysjes soarge. It Skûtsjesilen bygelyks, dat tradysjoneel elk jier yn Grou begjint. Of it Sint Piterfeest, dat op 21 febrewaris fierd wurdt, ynstee fan it Sinteklaasfeest yn desimber. Der kaam earst in ein oan de isolearde lizzing fan Grou yn 1842 troch de oanlis fan in paad yn westelike rjochting. Yn Grou stie ek de widze fan de Fryske Kultuer. Tanksij de bydrage oan de Fryske taal fan de Grouster bruorren Halbertsma. It Frysk folksliet bygelyks is skreaun troch dokter Eeltsje Halbertsma. It Doarpsargyf is in soad ynformaasje te finen oer de histoarje fan Grou en oer dizze markante bruorren. Hjir steane ek prachtige ‘âlde’ ferhalen yn. 20

23 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication