3

3 Nijs fan Pleatslik Belang Bêste Surhústers, Útnoeging ledegearkomste / Uitnodiging ledenvergadering It mei wer: byinoar komme. Pleatslik Belang organisearret tiisdei 10 maaie har (gewoanlik) jierlikse ledegearkomste, mei as sprekker wykagint Hindrik de Haan. De ynrin is om 19.30 oere en we begjinne om 20.00 oere. Datum: Tiid: 10 maaie 2022 20.00 oere (ynrin fanôf 19.30 oere) Lokaasje: Pannekoekhûs Landzicht, It Sûd 13 Surhuzum Glêsfezel Dizze kear noch in kear koart oandacht foar de komst fan glêsfezel. Jo hawwe de lêste wiken fêst al it nedige lêzen oer glêsfezel. Guon sille harren miskien ôffreegje wêrom Pleatslik Belang him hjir sa aktyf mei dwaande hâldt. Dat komt omdat Pleatslik Belang in bedrach ûntfangt foar elke ynwenner fan Surhuzum dy’t him fia de link oanmeldt. Pleatslik Belang is net fan doel om dit jild op te potten. Wy wolle it jild graach yn gearwurking mei in feriening besteegje oan in goed doel, sadat it de leefberens yn ús doarp ta goede komt. Alles oer de komst fan glêsfezel is te finen fia www.surhuzum.nl/glasvezel. Yn it koart: • Surhuzum kriget glêsfezel as 25% fan it doarp oanjout ynteressearre te wêzen • Oanmelde fia de link (keuze tusken DELTA Fiber/Caiway) betsjut: • € 25,- foar jo sels • € 50,- foar Pleatslik Belang Net oanmelde fia de links op side www.surhuzum.nl/glasvezel betsjut dat jo sels en Pleatslik Belang gjin bedrach ûntfange sille. Glasvezel (Nederlands) Alles over de komst van glasvezel in Surhuizum is te vinden via www.surhuzum.nl/glasvezel. In het kort: • Surhuizum krijgt glasvezel als 25% van het dorp aangeeft geïnteresseerd te zijn • Aanmelden via de link ( DELTA Fiber/Caiway) betekent: • € 25,- voor uzelf • € 50,- voor Plaatselijk Belang Niet aanmelden via de links op de pagina www.surhuzum.nl/glasvezel betekent dat u zelf en Plaatselijk Belang geen bedrag ontvangen.

4 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication