19 We kunnen terugkijken op een geslaagd project. Daarom gaan we in oktober door met het kerkcafé: de eerste zondag van de maand! Voor iedereen! Tot slot willen wij Joke en Cor bedanken voor de fijne samenwerking elke keer weer! Top! Groetjes, Evangelisatiecommissie: Gerrie, Tietie, Janny en Hilly Op besite by de bruorren Saterje 1 april wie yn de Delfeart Doarps Kafee Teater. Sa as al op it affysje stie wie it gjin grapke. Fanôf 19 oere koest komme sa lang as der noch plak wie. De seal rûn rêstich oan aardich fol, der bleaunen mar in pear plakjes oer. Doe wie it wachtsjen op de spilers dy’t it stik ‘Op besite by de bruorren’ brochten. Rûn in oer as acht kamen de beide manlju op it toaniel. Do wiest, sa brochten se it, op jierdeibesite by de beide bruorren. De manlju namen in slokje derby en fertelden wat oer deistige dingen. Broer Jan hie op souder in fotoboek fûn en mei it trochblêderjen fan it boek kamen se út by in foto fan harren famylje. It gesin bestie út mar leafst 18 bern, dus der wie wol wat te fertellen. De nammen fan dizze broers en susters wiene ek wol eigenaardich te neamen. Fan Fransiscus, Augustinus oan’t Jan en de froulju Pepper en Spray. Al ha ik net echt mei krigen hoe’t dy froulju oan dy nammen kaam binne. Der wurden ek noch medyske klachten dielt wat betsjutte dat de foarste rige fan de seal de dikke kalkneil fan Jan efkes te sjen krige. Al mei al kamen der hiel wat hylariske ferhalen oer de tafel. Nei in oerke wie it stik dien. De mannen krigen in grut applaus. Nei it stik wie it noch gesellich yn it kafee. En ik moat sizze, it hat ús goed foldien!
20 Online Touch Home