3

3 Nijs fan Pleatslik Belang Subsydzjes Pleatslik Belang is op dit stuit dwaande om te ynventarisearjen wat de mooglikheden binne oangeande subsydzjes. Sa binne der koartlyn twa ideeën yntsjinne by de provinsje fia it programma Stim fan Fryslân. Dit is in platfoarm bedoelt om Friezen mear belutsen wêze te litten by de provinsje. Op it online platfoarm Stim fan Fryslân hat Pleatslik Belang twa ideeën yntsjinne. It earste idee wat wy yntsjinne hawwe is in plakette mei in Fryske tekst oer de Balkespringer dy ’t yn oerlis mei de PKN tsjerke oan it stek fan de tsjerke hongen wurde sil. Ferskate minsken sprutsen de winsk út om hjir in plakette te realisearjen. Dizze plakette wurdt sawiesa realisearre, mar wy hoopje dat fia dizze wei it grutste part fan de kosten dutsen wurdt. It twadde idee hawwe wy wat breder lutsen. Wy fernimme dat in soad minsken muoite hawwe mei lêzen en skriuwen fan de Fryske taal. Wy as Pleatslik Belang fine it wichtich dat de Fryske taal yn stân bliuwt. Om dat te stimulearjen, wolle wy mei help fan provinsjaal jild Fryske taalkursussen oanbiede. Dizze taalkursus wurdt oanbean mits de subsydzje takend wurdt. Jo kinne op meardere ideeën stimme. Soene jo op ús ideeën stimme wolle? Dat kin fia https:// stimfanfryslan.frl/budgets. Plakette Balkespringer Surhuzum Yn Surhuzum soenen wy graach in plakette realisearje wolle foar by de Balkespringer. Ferline jier kaam de Balkespringer Surhuzum einlik thús. It keunstwurk De Balkespringer yn Surhuzum waard doe ferpleatst. Wethâlder Max de Haan en de leden fan Pleatslik Belang Surhuzum hjitten op 24 maart 2021 De Balkespringer wolkom op syn nije plak, oan de Doarpsstrjitte foar de Antoniustsjerke, dêr ’t er yn 1617 de sprong weage. In moaie tafoeging foar ús doarp Surhuzum soe in plakette wêze dêr 't op útlein wurdt wat it ferhaal efter dit stânbyld no eins is. Surhuzum is in plakje yn de Fryske Wâlden, wat mei har moaie kûlizelânskip in moaie omjouwing is foar fytsers en kuierders út oare dielen fan it lân. Sa komme der op moaie simmerdagen tal fan toeristen troch ús doarpke fytsen. Foar it ferbetterjen fan it oansicht fan it doarp Surhuzum en foar minsken fan oare plakken dy ’t in besyk oan ús doarp bringe soene wy dêrom besykje wolle om in moaie plakette te realisearjen foar de Balkespringer. De plakette sil nei ferwachting net mear as € 500,- kostjen gean. Understeande tekst soene wy op de plakette pleatse litte wolle. Fansels yn it Frysk, mar as it mooglik is ek yn it Nederlânsk, sadat de ferbining tusken Frysk en Nederlânsk mooglik makke wurde kin.

4 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication