5

5 Knilles Eiberts Syn offisjele namme wie Cornelis Egberts Gayckema, alias Saphias. De âlden fan Knilles wiene Egbert Theunis en Neeltje Annes. De famylje Gayckema is meniste. As boer, ferfeansker of skipper fertsjinje se har brea. Se hearre ta de earste kolonisten fan it Gordykster fean. Cornelis giet de skiednis yn as “ de balkenspringer ” fan Surhuzum. Nei ferwoasting troch brân ein tachtiger jierren yn de sechstjinde iuw (80 - jierrige oarloch yn de Spaanske oerhearsking fan 1568 -1648) begjint men mei de werbou fan de tsjerke yn it jier 1614. Yn 1617 is de put klear en yn datselde jier is Cornelis fjirtjin en kenlik in “ bluisterich jongfeint ”. Wy kenne him as de knaap dy 't oer sechstjin balken sprong yn ien loop: goed twa en in heale meter fan inoar ôf. Boppedat meters boppe de begeane grûn. Hy oerlibbet syn gefaarlike stunt want yn 1645 stjert er op 42 - jierrige leeftiid. By de tsjerke is er begroeven. De grêfstien fûnen se werom oan de súdkant fan de tsjerke. Cornelis wie fan berop beurtskipper op Dokkum. ~~~ A.G.IJ. Frysker Fryslân In soad Friezen jouwe oan muoite te hawwen mei it lêzen en skriuwen fan de Fryske taal. Dan binne der fansels noch de minsken dy ’t net út Fryslân komme en yn in Frysk doarp komme te wenjen. Foar dy minsken soe it moai wêze om de gelegenheid te krijen om mei te dwaan oan in leechdrompelige kursus Frysk. Dy kursussen wurde op in tagonklike wize organisearre troch de Afûk Doarpshûs de Delfeart yn Surhuzum is in moaie lokaasje om in Fryske kursus te organisearjen. Sa binne der yn Fryslân noch wol ferskate lokaasjes dêr ’t kursussen organisearre wurde kinne. Ek minsken út omlizzende doarpen soene har oanmelde kinne foar sa 'n kursus yn Surhuzum of yn in oar Frysk doarp. Sa

6 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication