7

7 kinne in tal geskikte lokaasjes yn Fryslân selektearre wurde om in kursus Frysk te organisearjen. Frysker Fryslân soe in suksesfol inisjatyf wurde kinne. Hoewol ’t it earste jier miskien noch net elkenien fan de kursus witte kinne soe, soe it in jierliks weromkommend fenomeen wurde kinne. In beheind tal minsken soe him oanmelde kinne sadat in plafond fan bygelyks € 15.000 net oerskreaun wurde sil. Doarpsfyzje Goed 120 enkêtes waarden al ynfolle op de dei fan de gemeenteriedsferkiezingen. De resultaten fan de enkête geane wy brûke foar it opsetten fan in doarpsfyzje. De doarpsfyzje wol Pleatslik Belang brûke as middel rjochting gemeente, provinsje en oare organisaasjes by it oanfreegjen fan subsydzjes. Minsken dy ’t net yn de gelegenheid west hawwe om by de gemeenteriedsferkiezingen de enkête yn te foljen wolle wy dochs noch de kâns jaan om dat te dwaan troch online de fragelist yn te foljen. Jo fine de fragelist op de webside surhuzum.nl. Wannear’t jo nei de link www. surhuzum.nl/vragenlijst geane, wurde jo rjochtstreeks nei de fragelist brocht. It ynfoljen is binnen 5 minuten klear. Dankewol alfêst! Even foarstelle: Treja Boersma Hoi, ik bin Treja Boersma en ik wenje tegearre mei myn freon op it Noard 16. Sûnt 2018 bin ik mem fan Marthe en ôfrûne 6 april noch in kear mem wurden fan ús Senna. Sûnt septimber 2021 bin ik mei in soad wille oanskood by Pleatslik Belang. Ik bin sels fan oarsprong gjin Surhúster, en dêrom fyn ik it hiel leuk om op dizze wize belutsen te wêzen by it doarp en wat betsjutte te kinnen foar de doarpsgenoaten. It ferskaat oan bestjoersleden, jong oant ‘âld’, makket it ek útdaagjend. Hjirtroch komme der ek ferskate fyzjes op tafel en ûntsteane der altyd aardige petearen en / of sûne diskusjes. Mochtst ek ris oanskowe wolle, bist fan herte wolkom! Groeten, Treja Bestjoer Pleatslik Belang

8 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication