3

3 Nijs fan Pleatslik Belang Op 8 april holden wy ús jierlikse ledegearkomste. Mei 50 oanwêzigen kinne wy sprekke fan in moaie opkomst. Pleatslik Belang hat it ôfrûne jier minder aktyf west as oare jierren, Mar it wie goed om in tal saken mei-inoar beprate te kinnen. Hjirûnder wat mear oer de saken dêr 't wy it oer hân hawwe. Foar fragen hjiroer kinne jo kontakt mei ús opnimme fia pbsurhuzum@surhuzum.nl Wurkgroep wenjen Oer de wurkgroep wenjen moatte wy jim witte litte dat der fertraging ûntstien is by de gemeente troch omstannichheden. Oanfanklike planning wie dat yn 2025 begûn wurde koe mei it projekt, mar it is wis dat dit net mear slagje sil. Wy dogge der alles oan om de gong der yn te hâlden en wy binne yn ôfwachting fan in nije planning. Wy bale hjir hiel bot fan en de moed sakket ús út en troch yn de skuon. Gearwurking tusken Surhuzum en Stynsgea Sa 't jim lêzen hawwe yn in foarige edysje fan de Grutte Gelf wolle wy graach mear de gearwurking mei Stynsgea opsykje. Wy kinne jim ûndertusken witte litte dat wy út beide doarpen genôch minsken by elkoar krigen hawwe om in kommisje opsette te kinnen. Wy sille meikoarten foar it earst byinoar sitte en de earste ideeën mei-inoar útwikselje. Letter mear hjiroer. Ferkearsituaasjes De measte ûnderwerpen tidens de ledegearkomste giene oer ferkearssituaasjes yn en om Surhuzum hinne. Sa sil der mear parkeargelegenheid makke wurde op de HJ van der Veenstrjitte, sil de oare helte fan It Langfâl ek twa drompels krije en tinkt de gemeente nei oer in alternatyf foar de weifersmellingen op It Noard. Dêr wurdt noch altyd fierstente hurd riden en de weifersmellingen dy 't der no binne wurkje net goed. Kornelis van Dekken yn ‘t sintsje Kornelis van Dekken set him al jierren yn foar ús doarp as frijwilliger. Sa sit er yn de redaksje fan de Grutte Gelf, mar ek beheart er de webside www.surhuzum. nl. Dit hat er dien sûnt 2005, en dat wylst er al jierren net mear yn Surhuzum wennet. Earder dit jier krigen wy in telefoantsje krigen fan Kornelis dy 't witte liet dat hy stopjen giet mei it behearen fan de webside. Wy fine dit hiel spitich, mar wy begripe syn beslút. Wy hoegden dit jier net lang nei te tinken oer wa ‘t wy yn ‘t sintsje sette woene. Dat wie fansels Kornelis. Kornelis waard út namme fan Pleatslik Belang troch Klaas Pool hertlik betanke foar syn jierrenlange ynset. Kornelis hat oanjûn noch wol belutsen wêze sil by

4 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication