17 Wat hat jimme dêr brocht? It hûs dat dêr te keap s�e en fan alle gemakken fersjoen wie, hat ús nei Appelskea brocht. Dat hûs wie be�er op ‘e takomst klear. Dus foar ús slieperij en in badkeamer ûnder en boppe genôch romte foar de bern en pake- en beppesizzers as dy thúskomme. Wat dogge jimme no? Wy binnen no mei pensioen. Wat meie jimme graach dwaan (hobby)? R. Ynse�e foar tsjerke en de S�ch�ng Begraafplaatsen Appelscha e.o. G. Ynse�e foar tsjerke en besites bringe oan âlderen. As hobbys ha wy tegearre it bridgen, fytsen en mei de caravan op paad. Riemer mei graach jeu de boule en biljarte. Wat binne de moaiste herinneringen oan Surhuzum? Der binne hiel wat moaie oan�nkens oan Surhuzum, sa as dat ús bern dêr berne en grutbrocht binne. Der binne noch folle mear foarbylden te beneamen: it tsjerkewurk, skoallebestjoer, buer�erieningswurk, bestjoer cda ôfdieling en ek foar Sinteklaas spylje wie hiel moai. SVS hat ek hiel wat foar ús betsju�en: wy ha ús mei it follybaljen �ge fermakke. En net te ferji�en it meiorganisearjen en belibjen fan de spulwike. Koartsein: wy ha in prach�ge �id hân yn Surhuzum. Wat wie (froeger ) dyn favoriete plakje yn Surhuzum? R. De sportseal fan de Delfeart G. De feart om te reedriden Hawwe jimme noch kontakt mei minsken (freonen as familje) yn Surhuzum? Geke har suster Sjoukje wennet mei har Kor op de Van Haersmastrji�e. Wat wolle jimme fierder noch oan ús fertelle: Wy wolle eltsenien it bêste tawinskje mei in hertlike groet fanút Appelskea. Tinke jo nei it lêzen fan dit ar�kel: “Oh, jimme moa�e dy o� dy ris freegje”, of immen út jo famyljekring dy’t om utens wennet? Stjoer ús dan in mail op redac�e@gru�egelf.nl! Dan kinne wy freegje o� dy persoan meidwaan wol oan ús rubryk.
18 Online Touch Home