16 Surhúster om utens Namme: Nynke Hoekstra Bern fan: Sjoerd Hoekstra en Jeltje Bakker Dêr ha ik wenne: Doarpsstrjitte 36 Hoe âld biste: 68 jier Bist fereale as troud? Troud Wêr wennest no: Bûtenpost Wat hat dy dêr brocht: de leafde Wat dochst no? Ik bin no mei pensjoen. Ik haw froeger earst yn skoftsje yn de soarch wurke dernei 6 jier mei minsken mei in beheining en it langste skoft haw ik by in gemeente wurke wêr ik P&O en Loopbaanadviseur wie. Wat binne dyn moaiste herinneringen oan Surhuzum? It earste wêr ik dan oan tink binne myn jonge jierren, dy wienen moai. Winters at der iis lei op de ûnderstrûpte lannen reedride. Jong en âld wie dan fan de partij. Letter nei de feart of oer de sletten en de dammen, nei de iisbaan fan Stiensgea. Dy wie doe noch oan it ein fan de Uterwei. Simmers gongen we faak te swimmen yn de Tilsjewyk yn de Mieden, letter nei it swimbad op ’t Fean en soms stikem nei it kanaal. As bern boarten we simmers yn de fakânsje somtiden mei in hiele kloft bern Indiaansje, ien stam achter yn de lannen fan Minze van Dijk en de oare stam achter yn it lân van Rypke Zijlstra (neist de feart) fan âlde binnenbannen die we by Piet van der Velde hellen en fearren dy we yn it lân opsochten makken we hoofdtooien. We betochten herkenningskreten en makken in pylk en boog. Skuonpoets op ,e holle en dêr gie it hinne. Prachtich. Doe't ik wat âlder wie saterjûns nei it gebouke en letter fansels stikem útnaaie nei de diskoteek yn it Fean en nog letter nei Kollum en Feankleaster. Dr wie doe al in hokje achter it hûs fan Piet van de Velde wêr we freed te jûns en sneintemiddeis tahâlden mei in kloft jongfolk. As bern wie myn twadde thús by Minze en Fyne van Dijk yn it Noard, Baukje
17 Online Touch Home