13

13 Berjocht út de Surhuzumer Mieden Lit my begjinne mei dat ik it tige wichtich fyn dat frijwilligers in soad wurdearring krije moatte foar harren wurk. Sûnder harren ynset is in doarp harren fûnemint samar kwyt. Dus alderearst wol ik oan alle frijwilligers myn tank útsprekke foar harren ynset foar ús doarp! Ik hie oanjûn dat ik wol in bydrage foar ús doarpsblêd skriuwe woe. Doe ha ik nochris in “yn it sin bringer” ûntfongen, mar troch alle drokte ha ik der oant no ta noch gjin tiid foar makke. By tiid fan skriuwen is it 1 augustus en it reint. En it reint in bulte, dat ik tocht ik ha no wol efkes tiid foar it skriuwen fan in stikje. Mar dan... wêr moat ik eins wat oer skriuwe? Ik bin in soad warber; mei myn gesin, hûshâlding, wurk, polityk, freonen ensfh. dat der is genôch te fertellen mar is it ek nijsgjirrich om te lêzen? It reint noch hieltyd en ik sit yn ús kantoar. Sjoch om my hinne en dêr falt myn each op in postbakje mei allegearre kranteknipsels. Ik bin der efkes foar sitten gong en haw alles wer ris efkes besjoen. En sa kaam ik ek in âlde Grutte Gelf tsjin fan juli 2019 wêryn in ynterview fan my stiet dy’t noch hâlden is troch de hear Harmen Scheepsma. Ik kin my it petear noch goed foar de geast helje. It wie in moai gesprek en de wize wêrop it skreaun is noch folle moaier. Ik wie doe foarsitter fan Pleatslik Belang. En yn it ramt dêrfan wurde ek it ynterview hâlden sadat elkenien lêze koe wa’t ik bin en wat my driuwt. Sûnt dy tiid is der alwer in hiel soad feroare. Wy binne nochris grutske âlders wurden fan Bearnt Jouke en binne no mei ús fjouweren. Ek is Sibbe, in prachtige Berner Sennen hûn by ús kaam yn desimber 2021. En ha we in stik as wat hinnen en in hoanne efterhûs omrinnen. En wa’t wol ris troch de Mieden fytst of rint kin sa no en dan ek griente út ús kreampke helje. Wa’t it ynterview eartiids lêzen hat wit miskien noch wol dat ik oarspronklik blommist wurde woe. No is dat net hielendal slagge en hat Martin folle mear ferstân fan de grientetún as my (en earlik is earlik hy docht ek it measte) mar...: it rispjen (oogsten) fyn ik prachtich moai. En ek it ynmeitsjen en ferwurkjen fan de grienten. It jout in soad foldwaning. Wat ik ek prachtich fyn is om te dielen. En omdat wy sa no en dan in royale risping hawwe, kinne wy dit ek diele. Fanút myn opfieding haw ik leard dat wy ek om in oar tinke moatte dêr’t dat kin. Dus it is yn basis fergees. En foar wa’t wol én kin, mei der in (lytse) bydrage dien wurde. Dan kinne wy dit wer brûke foar de grientetún.

14 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication