15

15 Jûns krûp ik dan wer efkes it kantoar yn en moat ik faaks noch wat stikken lêze foar de polityk. Sûnt maart 2023 bin ik ta steatelid beneamd. It is in hiele drokte en fansels haw ik my ôffrege wêrom soest de polityk yngean? Ik hâld my foar eagen dat ik it persoanlik tige wichtich fyn dat de polityk wer wat tichter by de minsken komt te stean. En ik tink dat dat u.o. kin troch derfoar te soargjen dat de gewoane man wer sichtber wurdt en de minsken yn de polityk ek ticht by sichsels bliuwe. Dus in echte wjerspegeling fan it folk. Gelokkich is it no efkes reses en haw ik wat mear tiid foar oare leuke saken. Ferline wike ha wy nei Normandië west mei us fjouweren. Martin (40), ik (32), ús Femke (5) en ús Bearnt (3). Wa’t ús in bytsje kin wit ek dat wy in soad meimeitsje mei ús Bearnt. In echt jonkje. In lytse donderstien. Ik haw wolris in skoftsje in blog skreaun omdat er hast alle dagen wol wat nijs te fertellen is. Sa ek yn Normandië. Nei in pear prachtige dagen sieten wy op in jûn yn ús sjalet. It wie mar in lytse (lês: hiel lyts, wy moasten in stuolledûns hâlde as ien nei it hûske moast) dus as wy oan tafel sieten en de bern leine op bêd soene wy it altyd fernimme as sy fan bêd ôf gean soenen. Út foarsoarch hienen wy beide bern al in saneamd SOS bantsje om dien mei ús telefoannûmers. Just in case... Femke lei earst efkes op ús bêd sadat Bearnt rêstich sliepe koe. Dizze fielst op ‘e klompen al oankommen... Martin seach nei in healoerke stilte efkes om it hoekje. Huh? Wêr is Bearnt? Hy leit net op bêd! Ik yn lichte panyk rôp fuort “oeh blikstjinder hy is dochs net ta it rút út klommen?” Mar gelokkich… hy lei hearlik ûnder it bêd te sliepen. En ús Femke is hiel soarchsum en wol oerol by helpe. Sa soene wy aaien klearmeitsje tusken ‘e middei en krige ik de kar: in tikaai of in plat aai. Jim kin begripe, wy ha in hiele moaie fakânsje hân, binne no wer lekker thús en wy hoopje dat it waar aanst wer wat better wurdt. Drok dwaande yn ús grientetún de kommende wiken dus fyts mar ris efkes troch de Mieden en wa wit leit er in lekkere koerzjette, komkommer, boskje woartels of in paprika klear! Hertlike groetnis, Sita Land-Dotinga

16 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication